De hear Gerbrandij (CDA): De ynsprekker is oan de iene kant tefreden oer it oerlis en oan de oare kant hat er soargen. Men stribbet nei in kostendekkende wize fan wurkjen. Mar it moat wol hel- ber en betelber wêze. Wethâlder Van der Meulen: Men hat it no net oer sportferienings. Mar oer berneopfang, bibli- oteek, ensafuorthinne. De stap omheech moat net te grut wêze. It starttaryf sit sa tusken'de 60 en 80 euro en dat liket te dwaan te wezen. De ôfname-oerienkomsten lizze al in tiid by de parti- sipanten. Hy wol graach fan de ried heare wat it útgongspunt is. Dan kin men definityf ja of nee sizze en dan krijt men mear dúdlikheid. It BOBOP wol har opnij oriïntearje. Men wol gjin gebrûk meitsje fan de troch de gemeente oanbe- ane ekspertize. It kolleezje besiket foar de takomst safolle mooglik risiko's út te sluten. Men wol dan ek ynsicht hawwe yn de kredytweardigens fan de partisipanten. As romtes leech komme, dan komt dat op foar de gemeente. De romtes binne lykwols tige gaadlik om wer te ferhieren. Servicekosten binne û.o. kosten foar it skjinmeitsjen. De hear Hylkema: Is blij met de kritische vragen van de raad. Op basis van de commerciële prij zen worden volgens hem de tarieven ook vastgesteld voor de verenigingen. De servicekosten zijn nog onduidelijk. Deze komen nog boven de 80 euro. Wethâlder Van der Meulen: Werhellet nochris dat men it no net oer sportferienings of oer in sporthal hat. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Hoe komt men no krekt ta in merkkonfoarme priis? Elk jier komt der wol sa'n 9% by. De partisipanten moatte har dêr wol bewust fan wêze. De hear Seldenrust (FNP): Wat binne de gefolgen as der partisipanten êfheakje? Wêrom leit der gjin risiko-analyze by de ried? Wethâlder Van der Meulen: As men mei konkrete bedraggen ûnderhannelje kin dan krijt men yn- sjoch yn de opbringsten. Dan wit men by it go-or-no-go-momint it totale subsydzjebedrach. De hear Hemminga (GB): Men sil dochs op foarhân in berekkening makke hawwe? Wethâlder Van der Meulen: Sil dat skriftlik beäntwurdzje. It is de ynstek fan it kolleezje om de skoalle goed breed te meitsjen. 'It tagroeien nei' is in eksponint fan de risiko-analyze. Men kin bygelyks net ynienen nei 123 euro oerstappe. De hear Seldenrust (FNP): As men no 60/65 euro betellet en dan fierder yn 2015 tagroeid is nei mear as it dûbelde dan hie er wol in risiko-analyze hawwe wollen. Wethâlder Van der Meulen: Dan komt men op it nivo fan in bedriuwsplan. It kolleezje tinkt dat men de partisipanten meikrije kin. Op grûn fan de petearen hat er de yndruk dat it wol slagje sil. As dat net sa is dan komt er nei de ried werom om der jild beskikber foar te stellen. De hear Van der Meer (GB): Dat zijn nu juist de risico's die men van tevoren wil inzien. Wethâlder Van der Meulen: De ried moat in taryfkader oanjaan. Dan kin it kolleezje yn ûnderhan- neling mei de partisipanten. Miskien docht in partisipant him foar as kin er it net betelje. De hear Seldenrust (FNP): Der soe op grûn fan dit foarstel net in partisipant êfheakje. Alle partisi panten sille dus neffens de wethâlder deryn meigean? Pagina 11 1 03 ferslach ried 08052007/absh/1 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 18