mooglikheden om wenningen foar Warten te realisearen. De tasizzing fan 1 5 wenningen foar Warten wol it kolleezje wier meitsje. Binnen it grûnbedriuw is der in grûnkompleks yn Warten Skriftlike ynformaasje folget noch. Wethâlder Van der Meulen: Oan it fytspaad Grou-Wergea-Warten wurdt yn de tarieding hurd wurke. Yn oktober wol men nei de ried takomme mei de resultaten. It foarkartrasee is fêststeld en men is me. de grûneigner yn petear. Men wol ek graach feedback fan de omwenners op it tra- see. De petearen binne, op .en útsûndering nei, posityf. Foar oktober leit it einrapport by de ried. b. Mienskiplike Regelingen Wethâlder De Vries: Lânskipsynrjochtingkommisje Swette-De Burd: It komt del op it tarieden fan it ru.lp an De peildatum is yn septimber. Men hat praat oer de útgongspunten fan de herferkave- ling Uterl.k begjin maaie komt der in nijsbrief fan de lânynrjochtingskommisje. Dan folget ek skriftlike ynformaasje fan syn kant. c. Réaksje op de moasje oere de UMTS-mêsten (riedsgearkomste 20 febrewaris 2007) De hear Hemminga (GB): Der is yn febrewaris in moasje oannommen mei de formulearring dat it belied derop rjochte weze sil om dêr wêr mooglik bûten de wenbebouwing mêsten ta te stean Der wienen klachten fan boargers en der hat in diskusje west oer de wearde fan it wittenskiplik undersyk. Faaks it resultaat fan sa'n ûndersyk tige ôfhinklik fan wat men no eins ûndersykje wol. De hakken waarden lykwols troch de wethâlder yn de grûn set en dat blykt ek út de toan fan de foarlizzende stikken. Hy wnst dêrby op de passaazje oer it telefoantsje oan de provider. It kos tenaspect is net ûnderboud. It giet der net om om alle mêsten te ferpleatsen. De gemeente is oars ek faak dwaande om feroarderings te meitsjen om boargers yn in bepaalde rjochting te stjoe- ren. Der is gjin omtinken jun oan boargers dy't sizze der wol lést fan te hawwen. De gemeente moat besykje in oplossing te sykjen, lykas û.o. oangeande de klachten yn Spikerboor. GB fynt dat der net serieus nei de mooglike útfiering fan de moasje sjoen is. Men moat ûndersyk dwaan om te sjen wat men wol dwaan kin. Hy werhellet dat net alle mêsten ferpleatst hoege te wurden De notysje is gjin goed antwurd op de moasje. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje is it net alhiel iens mei de reaksje fan de hear Hemminga. It kolleezje hat yn har beäntwurding wol in tal aspekten fan de diskusje meinommen. De moasje is neffens it kolleezje net ut te fieren. De PvdA mist yn it antwurd fan it kolleezje wol de oanpak fan de nije oanfragen. Want dêr is de moasje wol op fan tapassing. De hear Seldenrust (FNP)It is spitich dat de PvdA har eigentlik weromlûkt fan de moasje. Hy kin dat net wurdearje. 1 y Mefrou Dekker (PvdA): Fynt dat in nuvere opmerking. De moasje moat wol útfierber wêze. De hear Seldenrust (FNPI: De PvdA wol de wurden fan de hear Hemminga net oernimme. En dan stipet men de moasje neffens him net. Mefrou Dekker (PvdA): It is net sa lykas de hear Seldenrust it stelt. Wethâlder Minkes: Men hat sjoen hoe't men omgean kin mei de passaazje: 'dat ten aanzien van nog te plaatsen zendmasten het beleid erop gericht dient te zijn dat plaatsing daar waar mogelijk buiten woonbebouwing geschiedt.' Men hat dat ûndersocht. Men kin ek in brief nei de providers stjoere. It herformulearjen fan it gemeentlik antinnebelied soe noch wol ynfloed hawwe kinne Dan botst men wol mei de provinsjale oerheid. Dy hat yn it streekplan kritearia foar sindmêsten opsteld. By de junsprudinsje jildt it rapport fan de nasjonale sunensried Pagina 2 Ferslach ried 1 7042007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4