De mêst op Spikerboor hat wol omtinken. Dat is lykwols noch ûnder de rjochter. Men soe bést noch wolris in petear hawwe wolle mei Vodafone as it oardiel negatyf útfalt. De mêsten steane by de grutte diken fanwegen it frachtferkear. Sy wiist derop dat der mêsten pleatst wurde kinne yn bygelyks tsjerketuorren en silo's, dêr't de gemeente gjin sizzenskip oer hat. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Wat is no krekt it belied foar de takomst? Under heechspanningsmêsten mei ek net boud wurde. It is dus breder as allinne UMTS. Men soe nei in oplossing sykje moatte, foar de yndividuele gefallen, mar ek nei de takomst ta. Wethâlder Minkes: By Spikerboor is de diskusje ûntstien troch UMTS-tapassing. As der in oan- fraach komt foar wat der yn in mêst komt dan sil men der goed nei sjen moatte. Mar de gemeen te hat oer bepaalde lokaasjes gjin sizzenskip. De hear Zijlstra (CDA): Is nijsgjirrich nei de nij te pleatsen antinnes. Men kin in sinjaal (400 m bû- ten de wenbebouwing) ôfjaan nei de providers. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje giet derfan út dat it kolleezje by in oanfraach fan in pro- vider alle war docht dat pleatsing bûten de wenbebouwing komt. Sadat de moasje op dat punt respekteard wurdt. Wethâlder Minkes: Sy wol bést in ynspanningsferplichting oangean, mar sy hat gjin sanksjemoog- 'ikheid. En oars moat men de antinneferoardering feroarje. 2.2 Presintaasje oer de lânskipskaart bestemmingsplan Buitengebied". De hear Terpstra fan BügelHajema jout mei help fan sheets in presintaasje oer de lânskipskaart. De hear De Visser (PvdA): Der binne neffens him 3 droechmakkerijen. De Lytse Mar stiet der net op. De hear Terpstra: Dat is in lytse en dy is part fan in grutter diel. Mefrou Meinderts (CDA): Sy mist Warstiens. De hear Terpstra: Dat kin der by opset wurde. De kaart kin oanpast wurde. De hear Bouma (VVD): Wat is GBKN? De hear Terpstra: Grootschalige Basis Kaart Nederland De foarsitter: Bedankt de heer Terpstra voor de uitleg. De integrale visie buitengebied komt op 8 mei in de raadsvergadering. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2, 3.3. en 3.4 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel oangeande de 9e, 10e en 11e serie wijzigingen Model Bouwverordening 1992 (MBV). De foarsitter: As A-stik nei de ried. Pagina 3 Ferslach ried 1 7042007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5