3.3 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bouplan foar it pleatsen fan in oerkape boatestalling op it perseei Midsbuorren 10 te Warten, kadastraal bekend WRG04 C 1336. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3. Foarstel oangeande it tal lokalen fan de Brede Skoallen yn Akkrum en Grou De hear De Boer (PvdA): De PvdA is wol ynnommen mei it útgongspunt om fan in reële prognoa- ze út te gean. Is ek bliid mei de tasizzing dat men binnen 6 moanne aktyf te wurk gean kin as de prognoazes al oars út falie. De hear Bouma (VVD): It mei net op kosten gean fan oare saken. Mei it BOBOP is neffens syn ynformaasje noch gjin oerlis west en men hie noch wol wat technyske fragen. Der sit wat marzje yn de noarmen. Op himsels is de VVD it iens mei it útgongspunt fan it kolleezje. De hear Seldenrust (FNP): De FNP kin him oanslute by de foarige sprekkers. Der hat yn Akkrum wat ûnrêst west oer mooglike wenningbou by de brede skoalle. Neffens de LC fan 28 maart hat wethâlder Minkes sein dat der absolút gjin wenningbou yn Akkrum by de brede skoalle komme sil. Hy wol graach in befêstiging dêrfan yn de ried. De foarsitter: Dit valt eigenlijk buiten het voorstel. De hear Seldenrust (FNP): Dat is sa, mar it hat wol te meitsjen mei de brede skoalle. De hear Zijlstra (CDA): Op grûn fan hokker prognoazes binne de sifers ta stân kommen? Opfal- lend wie de groei fan de iepenbiere skoallen yn beide doarpen wylst it bysûnder ûnderwiis net groeit. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hat derfoar keazen om te bouwen foar wat nedich is. Op termyn soe men tsjin net af te folie kosten eventueel lokalen bybouwe kinne. Men sit hast wy- k''ks oan tafel mei BOBOP. Men sjocht lykwols net altyd deselde gesichten. Hy sil de opmerking fan de hear Bouma meinimme. Elkenien kin net op syn strepen stean bliuwe want dan hat in bre de skoalle gjin sin. De prognoazes binne baseard op de sifers dy't de skoallen oanleverje. Op it go-momint seis sil útgean wurde fan de meast aktuele sifers. Wethâlder Minkes: By de frijstellingproseduere foar it bouryp meitsjen wie der gelegenheid foar ynspraak. Doe is troch har útlis jûn yn Akkrum oer de wenningbou. De frijstelling is bedoeld foar maatskiplike doeleinen en dêr fait wenningbou net ûnder. De réaksjenota komt takom wike yn it kolleezje. Dêr stiet yn dat der gjin wenningbou komt. Alle omwenners fan de Boarnsterdyk binne foar de brede skoalle. Op koarte termyn sil men prate mei de minsken oer de ynrjochting fan it terrein. Dúdliker kin sy net wêze. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): De brede skoalle is in netwurk. Mar de basis is it tal kante meters en dêr hie it bestjoerslid soargen oer. En dêr hie yn it oerlis oer praat wurde moatten. De hear Seldenrust (FNP): Is bliid mei it antwurd. Der wurdt skreaun oer de prognoaze 2009 en yn de bylage oer 2010 en 2011Men soe dat meinimme moatte yn it riedsfoarstel. Wethâlder Van der Meulen: Seit dat ta. De foarsitter: As A-stik nei de ried. Pagina 4 Ferslach ried 1 7042007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6