De hear Hemminga (GB): It rapport jout in aardich ynsjoch. GB is it iens mei it foarstel. Hat de le- arplichtamtner in protte wurk by learlingen yn de 'sluisgroep'? Hoefolle jild moat der beskikber steld wurde? De hear Bouma (VVD): It basisûnderwiis is wat ûnderbeljochte. Men krige de gegevens net bin nen. Mei 1 augustus komt der wierskynlik in nij systeem. Der wie in syktefersom fan 14/18% yn Grou. Mefrou Veldstra (FNP): Sy fûn it pleit fan de hear De Boer hiel helder. It soe neffens side 2 bud- zjetêr neutraal útfierd wurde kinne. It stik hie neffens har earst nei de organisaasjes moatten. De gearwurking mei oare gemeenten wol net slagje. De lesútfal op skoalle is soms tige grut en dat fersterket it spijbeljen. Dat soe sy noch wolris ûndersocht hawwe wolle. Mefrou Meinderts (CDA): Is it iens mei de opmerking oer lesútfal. De CDA-fraksje soe elk jier it jierferslach op de wurklist hawwe wolle. Krijt men goed yn byld wat de ekstra kosten foar de 'sluisgroep' binne? Hoe ferrint de werving fan de plakken? Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje fynt it in belangryk Onderwerp en wol it jierliks mei de ried beprate. Men moat der yndied op 'e tiid by wêze. Men moat sa gau mooglik aksje Ondemimme kinne om útfal foar te kommen. De gemeente wol graach mei de skoallen oan in goede takomst foar de bern wurkje. Der wurdt posityf op reageard. Yn it ferline krige men net of te let meldin gen. Men wol breed it petear oangean en ek âlders op de problemen oansprekke. It giet yndied net allinne om de Onderwiisynstellings yn de gemeente, mar ek om bern dy't bûten de gemeente op skoalle sitte. It is tige lestich om dat goed regelje te kinnen. Dêr sil mear op yn- set wurde moatte. De hear Zijlstra (CDA): Moat de provinsje dat dan net oppakke? Wethâlder Van der Meulen: Der is in bestjoerlik oerlis binnen Fryslân en dêr wol er it yn oan de oarder stelle. De hear De Boer (PvdA): De skoallen foar fuortset underwys hawwe frij strakke regels. Earst giet it nei de ynterne soarchkoördinatoaren en dan nei de eksterne. Wethâlder Van der Meulen: De ferantwurdlikheid leit by de Onderwiisynstellings. As gemeenten deselde protokollen opstelle dan is der mear dúdlikheid foar de Onderwiisynstellings. Der is gjin registraasje fan skoallen mei de grutste problemen. De hear De Boer (PvdA): It giet him net sa sear om de nammen fan dy skoallen. Men wol ynsicht hawwe yn hokker plakken mei in tal bern wat mis is. Wethâlder Van der Meulen: De learplichtamtner kin in bepaalde struktuer konstatearje en kin by- gelyks de plysje op 'e hichte stelle. Men moat monitoaren bliuwe. De grutste ynspanning hat dan yndied al west. De neamde 14/18% syktefersom wie yn syn algemienheid bedoeld. It jierferslach hie neffens him net earst yn it OGO moatten. Hy sil dat noch Otsykje. Lesútfal is ferfelend, mar âlders moatte dochs har bern oantrune om wol nei skoalle te gean ek as der minder lessen binne. Men ferwachtet dat der ekstra jild fan it Ryk komt. Dêroer sil in skriftlike meidieling komme. De ferwachting is dat it budzjetêr neutraal wêze sil. Mefrou Meinderts (CDA): Krijt men in pot jild en dy besteget men? Pagina 8 1 03 ferslach ried 15052007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10