Wethâlder Van der Meulen: Der komt op grûn fan it basispakket in bepaald bedrach. Kin it dêr net fan dan komt men nei de ried werom. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): Sy fynt it antwurd oer de finânsjes faach. Der stiet yn it foarstel: mear fi- nansjele middels. Dêrom graach in B-stik. De foarsitter: As B-stik nei de ried. De neikommende foarstellen 3.7 oant en mei 3.9 binne fan de wurklist helle. 3.7 Foarstel oangeande de rapportaazje Ynvestearingen GRP oantemei 2006 3.8 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de eksploitaasjebegrutting 2007 fan De Twine Sportfondsen Boarnsterhim bv. 3.9 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de ferhuzing nei it ferboude gemeente- hüs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.3 oantemei 4.5 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om beswierskriften fan de hear A. de Jong en fan mr. M. R. Reinders tsjin it fêststellen fan in tariedingsbeslút artikel 21 WRO foar bedriuweterrein Spikerboor en Polsleatwei te Akkrum net-ûntfanklik te ferklearjen De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel oangeande de 9e, 10e en 11e serie wijzigingen Model Bouwverordening 1992 (MBV) De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bouplan foar it pleatsen fan in oerkape boatestalling op it perseel Midsbuorren 10 te Warten, kadastraal bekend WRG04 C 1336. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel oangeande it tal lokalen fan de Brede Skoallen yn Akkrum en Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Bouma (VVD): Der stie oarspronklik in punt op de list (3.8). Yn it ramt fan de aktive yn- formaasjeplicht freget er wêr't it probleem sit en om wat foar bedraggen it giet. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Men weet nog niet wat de exacte bedragen zijn. Er is nog geen helderheid over. Mefrou Veldstra (FNP): De merkekommisje fan Warten hat har benadere. Men wol in auto-rodeo organiseare. De fergunning is ôfwiisd. De lâneigner wie akkoart en sy wol witte wêrom oft it ôf- wiisd is. It fynt op 30 juny plak. Sy koe neat fine yn de kolleezjebesluten. Men hat de tiid foar de tarieding nedich of men hat tiid foar in oar evenemint nedich. Pagina 9 1 03 ferslach ried 1 5052007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 11