De hear Van der Sluis (VVD): Is it oer de fraach fan de bining iens mei GB. Is der dan hielendal gjin beheining fan soarte fan eveneminten yn it Aquaverium? De hear Riemersma (FNP): De ferromming fan de funksje ropt fragen op. De frege útwreiding is gemiddeld 12 eveneminten yn it jier. Yn it iene jier 6 dan yn it oare jier 18 bygelyks? Hoe gruts- kalich binne de eveneminten? In playbackshow is neffens him mear wat foar de brede skoalle. Wat ferstiet men krekt ûnder eveneminten? Is in kursus foar in farbewiis ek in evenemint? It soe om eveneminten gean dêr't yn Grou gjin plak foar is. Mei men dan op in oare datum yn it Aquaverium as it oars net yn it doarp kin? It sil lestich hanthavenjen wêze. Dochs wol de FNP ynstimme. Ek omdat der gjin ynspraakreaksje wie fan de horeka. Wethâlder Minkes: It giet om de 300/350-plus eveneminten. Der binne gjin ynspraakreaksjes yn negative sin. It sil in ekstra wearde foar de horeka yn Grou hawwe. It sil net yn kompetysje mei de brede skoalle wêze. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): As de basisskoallen mei inoar wat organisearje, dan hat men ek sa mar 300/350 minsken. Hoe kin men in win-winsituaasje mei it Aquaverium krije? Der moat gjin kon- kurrinsje mei de brede skoalle ûntstean. De hear Zijlstra (CDA): GB soe dan de grutte seal yn de brede skoalle ôfskaffe wolle? De hear Hemminga (GB): Dat soe in konsekwinsje wêze kinne. Dat smyt in aardige besparring op. De hear De Jong (PvdA): De PvdA kan met het voorstel instemmen. Men kan meer organiseren in Grou en het Aquaverium biedt daar de ruimte voor. Men zou een ondergrens (300 of meer be zoekers) kunnen vaststellen voor evenementen in het Aquaverium. Zodat men de concurrentie met de brede school kan voorkomen. De hear Hemminga (GB): Stel dat der mar 100 man komme. Hoe wol men dat kontrolearje? De hear De Jong (PvdA): Zou het niet willen controleren. Men kan het van tevoren inschatten. De hear Riemersma (FNP): Wat ferstiet men ûnder dy 12 eveneminten? Fait in kursus foar it far bewiis der ek ûnder? Wethâlder Minkes: It is de bedoeling om romte te kreëarjen foar grutskalige, kommersjele evene minten yn Grou mei in boppelokaal effekt. Men moat sjen nei de doelstelling fan it evenemint. 'Watergerelateerd' kin in hiel soad wêze. It soe ek in bepaald eksamen wêze kinne. Men siket der gjin aktiviteiten by mar men siket de mooglikheid om gruttere groepen in plak biede te kinnen. Wethâlder Van der Meulen: De grutte seal yn de brede skoalle sil benammen brûkt wurde foar ûnderwiis en sport. Dat komt út it mienskiplik konsept fan de brede skoalle en dat moat men der net úthelje. Hy tinkt net dat it inoar byt. De kommersjele eksploitant sil de romte goed folje moat- te. Wethâlder De Vries: Fan it managemintteam fan it Aquaverium komt it fersyk om aktiviteiten or ganisearje te kinnen dy't oars earne oars yn Fryslân plakfine. Dy aktiviteiten binne net sosjaal- kultureel fan aard. De soargen fan de ried sille by de evaluaasje meinommen wurde. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Pagina 2 1 03 ferslach ried 15052007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4