Wethâlder Minkes: De pleatsen binne meastentiids yn it bûtengebiet en dan hat men fan oare bewenners net it measte lést. De hear Zijlstra (CDA): Der komme hyltyd mear pleatsen leech te stean en dy krije oare bewen ners. It is dus neffens him net sa dat de 'binnenplanse' frijstelling in foardiel foar in boer wêze soe. Wethâlder Minkes: By in 'binnenplanse' frijstelling kin men oer de saak kommunisearje. Men wol dêr de romte jaan dêr't men de romte hat. De gemeente moat de rezjy fiere oer de ynfolling fan it bûtengebiet en alle arguminten binne dêrfoar neamd. De geve gebieten hawwe te meitsjen mei de histoarje dy't der achter leit. Men sil dêr kritysk mei omgean moatte. Sitearret út de omskriuwing de hear Terpstra: 'De gaafheid van het landschap refereert aan de gelaagdheid van het landschap'. It giet dus om in stikje maatwurk. By Terherne kaam Natura 2000 ek noch om de hoeke. De lânskipskaart is in hanfet foar it bûtengebiet. De kaart hat net de pretinsje fan feitlikheid. Ter pen binne gjin fenomeen yn in bestimmingsplan. By de Legean giet it om it bûtengebiet. De bes- timming agrarysk bliuwt. It is net ûnmooglik om bygelyks kuierpaden fia in oanlisfergunning oan te lizzen. Men kin net tefoaren in fytspaad yntekenje as it der noch net is. De hear Riemersma (FNP): Hy soe der in sykgebiet fan meitsje wolle. Op de oare kaart wurde der ferwachtings wekt. Dêr fynt men neat fan werom. Meitsje der dan in sykgebiet foar fytspaden fan. Wethâlder Minkes: Sykgebiet fytspaad is net sa'n geskikte term. Sykgebieten binne in abstraksje. De bestimmingen bliuwe sa't dy binne. Men wol mei de fisy gjin beheinings oplizze, mar it giet om de bepaling fan de rjochting. De fisy is bedoeld as in stikje ekstra oanfolling. Der komt in ûntwerpbestimmingsplan achteroan en dêrfoar wurde trije jûnen belein mei DB'en. De hear Riemersma (FNP): Hy is it fierder wol iens mei de fisy. It ferhaal makket him net dúdlik dat der gjin sykgebiet foar in fytspaad oanwiisd wurde kin. Mei in oanlisfergunning yn it bestim mingsplan soe er lykwols wol út de fuotten kinne. Wethâlder Minkes: It giet om in bepaalde skaalgrutte. Men kin prima wurkje mei oanlisfergun- nings. Dat bliuwt dan ek binnen de gemeente. De hear Riemersma (FNP): It kin, mar hy wol de graach de tasizzing dat it bart. Wethâlder Minkes: Mei oanlisfergunnings wurdt it dêr mooglik makke. Mefrou Meinderts (CDA): As alles noch mooglik is yn de sykgebieten wêrom steane dan al dy kleuren deryn? Wethâlder Minkes: It slút ek oan by it streekplan. It jout oan wat foar Ontwikkelingen der binne en wêr't dy it béste plakfine kinne. De hear Zijlstra (CDA): It Lege Midden is in tige goed lênbougebiet. Dan ek grien yntekenje of gjin kleur. Wethâlder Minkes: Dat is prima. De fragen op rekreatyf mêd sille lykwols wol op de gemeente ôfkomme. De perselen krije de bestimming dy't dy hawwe. By Wergea en Warten sjocht men de rekreaasje tanimmen. De fisy jout in rjochting oan. It is in ôfwagingskader. Pagina 5 1 03 ferslach ried 15052007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 7