De hear Roorda (LTO): Men krijt fan ferskillende kanten yn de ried stipe. Yn de beäntwurding fan de wethâlder komt in grut misferstân nei foaren. As allinne it gebou meitelt yn de kante meters, dan kin men noch hiel lang foarút. Yn de eagen fan de boer is dat boublok lykwols grutter: it hiem. Dêr kin men op útwreidzje. Oardel hektare by rjocht en 2,5 hektare by 'binnenplanse' frij- stelling is frij normaal. Dat jout wissichheid foar de bedriuwsfiering. De kleuren op de kaart jouwe twaspjalt yn de gemeente. Der is lânbou, natoer en rekreaasje yn de gemeente. LTO soe gjin ferskillende kleuren hawwe wolle. It hie om him ek wol sûnder de no ta kinnen. Dan hie men fuort mei it bestimmingsplan út ein sette kinnen. De hear De Jong: Sprekt foar PB Legean en ek foar PB Wergea. Men is bang dat de fisy ien op ien bestimmingsplan wurdt. De fisy is tige faach en men wit net wat men der mei oan moat. Men is der bang foar dat wannear't de Legean as lânbougebiet neamd wurdt dat de doarpen der de dupe fan wurde. Ad hoe oplossingen foar bygelyks wynmûnen en fergêstingsynstallaasjes fynt er gjin goede opsje. Men wol ek net yn it Ijocht fan in serrestâl tichtby it doarp wenje. It giet in stap te fluch. Twadde termyn Mefrou Meinderts (CDA): Har fragen oer de njonkenaktiviteiten en de funksjeferoarings binne noch net beäntwurde. De hear Riemersma (FNP): Op de tekening is de funksje by Terherne wol feroare. Op side 14 moat de passaazje 'en de directe omgeving van Terherne zijn als zodanig aangemerkt' der út. Persoanlik is hy wiis mei de fisy. De hear Van der Sluis (VVD): Der is gjin antwurd kommen om syn foarstel om de wetters as far- wei oan te jaan. Dat is belangryk foar de rekreaasje. Der mochten fan de provinsje 25 wenningen brûkt wurde yn it plak fan ôfbrutsen pleatsen. Dêr fynt men neat fan werom. Men soe de âlde pleatsen ek mei wennings by de doarpen kompinsea- re kinne. De nije wize fan berekkenjen fan de wethâlder soe foar de VVD akkoart wêze. As dy tasizzing der net komt en as de wethâlder oan in boublok fan 1 hektare fêsthâldt dan hat de VVD beswieren. By grutte stâlen yn it bûtengebiet moat begroeiing komme. Dy beammen joegen ek in natoerlike beskerming. Dêr moat dan wol romte foar wêze. It ûntwerpbestimmingsplan wurdt yn septimber besprutsen. Sa skoot it hyltyd fierder yn de tiid op en dêr hat er grutte problemen mei. De ynfolling fan grien foar wat agrarysk brûkt wurdt, is in goede saak. De hear Hemminga (GB): GB wol útgean fan de mooglikheden. Der wurde wat aksinten (bygelyks de kleuren) jûn yn de fisy en yn it bestimmingsplan wurde de saken krekter fêstlein. De boeren moatte har mooglikheden hélde. De nota hat gjin juridyske status. GB kin der wol mei út de fuot- De hear Vellinga (PvdA): It jout in idee hoe't it der yn de takomst útsjen kin. De PvdA-fraksje wol graach krekt witte wat it ferskil is tusken in bouflak en in bouperseel. It soe neffens him gjin pro bleem wêze moatte om de ekologyske ferbiningssône oan de oare kant fan it wetter oan te jaan as dat ûnrêst weinimt. De wynmûnen (alternative enerzjy): Hy soe dêr ek wol in ynfolling oer hawwe wolle. De tiid en de omstannichheden sille jin oars ek ynhelje. Oer de wetterbergingsgebieten soe er ek graach in fisy hawwe wolle. Wethélder Minkes: It wetterbergingsgebiet is net in sykgebiet. Sy wol it wol helderder meitsje wêr't de ekologyske ferbiningssône komt (oan de oare kant fan it wetter). Men krijt skriftlike yn- formaasje oer it begryp bouflak/bouperseel. Men wol ôfspraken meitsje oer de ynfolling fan it lénskip. Pagina 6 1 03 ferslach ried 15052007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8