De hear Van der Sluis (VVD): By oardel hektare by rjocht hat men de romte dêrfoar. Wethâlder Minkes: Oardel hektare by rjocht: Dan kin de boer de gemeente skriuwe dat er miskien gjin tiid hat om it hiem te beplantsjen. De gemeente wol de rezjy der oer hawwe. Sy hat fan de LTO net heard dat dy dat fia in feroardering regelje wol. De tsjinstelling lânbou-rekreaasje is net by de gemeente oanwêzich. Men moat sykje nei de béste kwaliteiten op it béste plak. In njonkenaktiviteit is ûndergeskikt oan de haadaktiviteit. It Ontwerp komt trije moannen letter as men earst foar eagen hie. Der hawwe mear saken omtinken fan de gemeente frege. It snipperkontingint De provinsje woe 25 wenningen foar dit soart saken oant 2010 tastean. It is net bedoeld om klusters fan wennings yn it bûtengebiet te bouwen. De hear Van der Sluis (VVD): Men wol tsjin de doarpen oan bouwe. De brief fan de snipperkon- tinginten hat neffens him net op besjen lein. Wethâlder Minkes: Wol dér noch wol foar soargje. Der is noch gjin regeling foar autintike pleat- sen. De fisy is in helder ynstrumint foar de ried. Der is no noch gjin belied foar enerzjy. Sy kin ek noch net net in datum foar in enerzjybelied oanjaan. De hear Vellinga (PvdA): Kin men seis in inisjatyf ynbringe? Wethâlder Minkes: Dat soe prima wêze. Men kin de wetters oanjaan as farwetters. Mefrou Meinderts (CDA): In njonkenaktiviteit is eat wat der neist komt foar in skoft. It soe om in proefperioade gean moatte. Wethâlder Minkes: It giet om de Romtlike Oardering en net om bedriuwsplannen. Der stiet wol yn de fisy oanjûn hoe't men dermei omgean kin. Mefrou Meinderts (CDA): Maksimaal ien wenning by funksjeferoaring fynt it CDA oan de krappe kant. Wethâlder Minkes: Der wurdt net boud yn it bûtengebiet. Mefrou Meinderts (CDA): Wol yn it streekplan, benammen as it om kwaliteitsarranzjeminten giet. Wethâlder Minkes: Dat jildt net yn generale sin. It is dan maatwurk. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.6 Foarstel om in jierferslach fan de learpiichtwet 2004-2005/2005-2006 fêst te stellen De hear De Boer (PvdA): De problematyk leit by bern út it VMBO en it spesjaal ûnderwiis. Hy hie graach witte wollen wêr't no krekt yn de gemeente de knipepunten sitte. Der binne in hiel protte bern dy't bûten de gemeente op skoalle geane. Der komt benammen spijbelgedrach foar by de bern fan 13,14, 15 jier yn groepen en dy ûntsnappe oan de maatskippij. Nettsjinsteande de minne finansjele posysje fan de gemeente soe men dochs de middelen beskik- ber stelle moatte. Op side 18 wurdt neamd dat men nei in previntyf karakter wol. Hoe wol de gemeente pro-aktyf oan it wurk gean? De learplichtamtner en oare partijen lykas plysje en GGD soene der pro-aktyf by belutsen wurde moatte. Begjin earst mar mei de skoalle foar fuortset ûn- derwys yn Boarnsterhim. Pagina 7 1 03 fersiach ried 15052007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 9