De hear Gerbrandij (CDA): Hy kin de soargen wol diele, mar de wethâlder moat ek de romte foar de ûnderhannelingen hawwe. Punt 3 freget noch wol de nedige oandacht. Mei útsûndering fan punt 1 kin it CDA har yn it foarstel fine. Wethâlder Van der Meulen: Hy fynt de wurden fan de FNP (û.o. ferskûlje) nochal stevich. Sa stekt er net yn inoar. It kolleezje wol in rjochtline hawwe. As partijen de tariven te heech fine dan soenen dy partijen oer de fraach neitinke moatte oft men kommersjele partijen finansjeel stypje wol. Dat soe as ferbeane steatsstipe sjoen wurde kinne. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): De VVD hat de lûden fan de FNP net sa sterk opfongen. Hy kin him wol fine yn it amendemint fan GB en mei dy oanpassing ek yn it foarstel. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat yndied persoanlike opmerkingen makke. Der binne lykwols ek partisipanten benammen út Akkrum dy't it mei him iens binne. Mefrou Dekker (PvdA): Is it net iens mei de wize fan dwaan fan de hear Seldenrust. Hy moat sizze om wat foar partisipanten it giet en wêr't it oer giet. Men moat op in oare wize de saken besprekke en de nammen fan de partisipanten neame. De hear Seldenrust (FNP): Dat is gjin probleem. De hear Zijlstra (CDA): It liket him better dat de partisipanten seis skriftlik reageare. De hear Seldenrust (FNP): It jeugdhonk hat óanjün dat de tariven net op te bringen binne. De speelotheek wist neat fan de prizen en de nije tariven soenen yn de takomst 3x sa heech wêze. De Sisa soe graach de tasizzing hawwe wolle dat sy de iennige oanbieder yn Boarnsterhim binne. Der is lykwols gjin antwurd op dat fersyk kommen. De minsken fan restaurant en sporthal hawwe ek gjin dúdlikheid krige. De FNP hat yn it ferline faker frege om dúdlikheid en om in risiko-analyze. De wethâlder is der hiel faach mei omgien. Hy freget om in koarte ûnderbrekking foar oerlis oer it amendemint fan GB. De foarsitter: Wil eerst de andere sprekers aan het woord laten. De hear Hemminga (GB): De wethâlder hat sein dat men foarlopich oan de tariven fêsthâlde wol. De problemen sille eventueel yn it oerlis wol op tafel komme. Wethâlder Van der Meulen: It jeugdhonk hat in apart oerlis. Sisa kin men net it allinnerjocht jaan. Men kin dochs net oan ferbeane steatsstipe dwaan? It giet no net oer tariven foar de sport. Oangeande it restaurant: it is in oerlis tusken twa saaklike partners. Neffens de yntinsje-oerienkomst wol men de wurkgelegenheid safolle mooglik behâlde. De risiko-analyze: as men gjin útgongspunt hat, kin men gjin risiko-analyze meitsje. It kolleezje sjocht wol nei de solidens fan de partijen. De speelotheek is foar syn gefoel net in kommersjele partisipant. As der problemen mei binne, dan sil er dêrmei nei de ried komme. De foarsitter: Schorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering. Pagina 4 1 ij'fersbch ried ?')052C07ibsh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12