De VVD hat frege om farwetter oan te jaan as farwetter en net as natoer. It kolleezje hat dat
tasein, mar dat is yn de fisy net oanpast. Der is ek net in dúdlike omskriuwing fan wat in geef
gebiet is.
De hear Riemersma (FNP): Der is al hiel wat sein oer de nota. Hy is bliid mei de oanpassing fan
de bestimming om Terherne hinne (mei mear klam op de natoer). By de Legean woe er ek mear
omtinken foar fyts- en kuierpaden op de kaart. De jachthavens kinne wol yn de
bestimmingsplannen fan de doarpen regele wurde. De wethâlder wol de mooglikheid fan kuier- en
fytspaden iepenhâlde fia de oanlisfergunnings. As it net linksom kin dan mar rjochtsom.
De hear Vellinga (PvdA): De diskusjes hawwe wiidweidich west. It hie dúdliker foar de
bûtensteander wêze moatte wat de betsjutting fan de fsiy wie en de PB-en hienen der better by
belutsen wurde moatte.
Natoer, lânbou en rekreaasje hawwe in protte oerlapings. In sykgebiet jout in haadsykfunksje
oan, mar it lit ek noch romte foar oare saken iepen. Mei in lytse feroaring soe men mei it
amindement fan de VVD ynstimme kinne. De 1,5 hektare by rjocht nei 1 hektare werombringe
nei 1 hektare by rjocht. En dan 1,5 hektare by frijstelling. Men kin fierder ynstimme mei de
yntegrale fisy. No kin men fierder gean mei it bestimmingsplan bûtengebiet.
Mefrou Meinderts (CDA): De fisy wurdt brûkt as beoardielingskader foar de Ontwikkeling fan de
diverse funksjes. De sykgebieten jouwe neffens it CDA tefolle beheinings. Lykas foar rekreative
Ontwikkelings yn agrarysk gebieten. Boppe Warten,yn de Legean en by Aldeboarn binne der
minder mooglikheden foar lytsskalige bedriuwsrekreaasje. Der moat mear romte wêze foar
rekreative Ontwikkelings by dy doarpen. Foar agraryske en rekreative Ontwikkelings moatte oeral
gelikense kânsen wêze. Sy lést dêrta in amendemint fan it CDA foar:
"De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 29 januari 2007,
behandelende het voorstel van burgemeester en wethouders tot vaststelling van de Nota Integra
le Visie Bestemmingsplan Buitengebied 2007;
overwegende:
dat als gevolg van de in de nota opgenomen functieontwikkelingskaart voor (agrarische) onder
nemers in bepaalde delen van het buitengebied van Boarnsterhim en dan met name rondom de
dorpen in de Legean, Warten en Aldeboarn beperkingen zullen ontstaan voor ontwikkelingskan
sen op recreatief gebied,
BESLUIT:
Het voorstel van het college en wethouders als volgt te amenderen door het bestaande concept
besluit onder 1aan te vullen met:
1. met dien verstande dat de genoemde ontwikkelingsmogelijkheden anders dan in de Integra
le Visie staat vermeld van toepassing zijn op het buitengebied van de hele gemeente, met uitzon
dering van 'Natuurgebied'.
Kin de ried ek belutsen wurde by de ynformaasjegearkomsten foar PB-en?
Wethâlder Minkes: Nei de ynsprekker ta: It gie neffens har oer de fytspaden en kuierpaden en net
allinne oer de pleatsen. Yn it streekplan steane mar in pear rekreaasje konsintraasjekearnen lykas
Terherne. Men hat it net oer it kampearen by de boer. Grutskalige rekreaasje sil de ried dochs net
oeral hawwe wolle?
Sy hat yndied in flater makke by it oanjaan fan it bouflak. It is in feitlike konstatearring binnen de
fjildynventarisaasje dat agraryske bedriuwen foldwaande hawwe oan in bouflak fan 1 hektare.
De hear Van der Sluis (VVD): De LTO hat oanjûn dat men de kant fan 1,5 hektare by rjocht út
wol. De bedriuwen yn it bûtengebiet moatte dy mooglikheid hawwe. Oars soenen der problemen
komme flakby de doarpen.
Pagina 6
1 03 f>,p,l.jch riod 2005 200 7/db oh/6