Het amendement van de PvdA voorziet in 1 hectare bij recht en uitbreiding met maximaal 1,5 hectare. Er wordt eerst over het amendement van de VVD gestemd,vervolgens over dat van de PvdA en ten slotte over het amendement van het CDA. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): De FNP is net foar it amendemint fan de VVD. Men kin akkoart gean mei it amendemint fan de PvdA. Net akkoart mei it amendemint fan it CDA. De FNP fynt de yntegrale fisy in nuttich ynstrumint en dêrom is dat amendemint net nedich. De golfbaan by Goattum sil in hiele toer wurde, want dat is in grien gebiet. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA kin net ynstimme mei de amendeminten fan it CDA en de VVD. Hy betanket de VVD foar it foarwurk. De hear Van der Sluis (VVD): It amendemint fan de VVD sil gjin mearderheid krije en dêrom wurdt dat ynlutsen. Ynstimming mei it amendemint fan de PvdA en net akkoart mei it amendemint fan it CDA. Der wie tasein dat de farwetters as farwetters oanjûn wurde soenen. Mefrou Meinderts (CDA): Der is fan de kant fan it CDA ynstimming mei it amendemint fan de PvdA en gjin ynstimming mei it amendemint fan de VVD. It CDA fynt dat alle ûndernimmers yn de gemeente deselde kânsen hawwe moatte. Dat wie de strekking fan it amendemint fan it CDA. Men hâldt oan it amendemint fêst. De hear Hemminga (GB): GB wol de boeren de romte jaan. De definitive útwurking komt yn it bestimmingsplan. De fisy hâldt noch genôch mooglikheden iepen en dêrom kin er net ynstimme mei it amendemint fan it CDA. Stipe foar it amendemint fan de PvdA. Wethâlder Minkes: Wat oer de farwetters tasein is, wurdt ek dien. De foarsitter: Vraagt of men hoofdelijk wil stemmen over de amendementen. Stelt vast dat de raad alleen hoofdelijk wil stemmen over het amendement van het CDA. Het amendement van de PvdA wordt met algemene stemmen aangenomen. Het amendement van het CDA wordt met 6 stemmen voor en 10 stemmen tegen verworpen. Voor gestemd hebben de leden Bouma, Gerbrandij, Hemminga, Van der Meer, Meinderts en Zijlstra. Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it feroarjen fan de gevel en it ferromjen fan de funksje op it perseel De Finnen 1 te Grou (Aquaverium) De hear Hemminga (GB): Yn it kolleezjefoarstel fan 12 oktober 2004 steane passaazjes dy't in frij rom gebrûk foar it Aquaverium tasteane. It is wol sinfol dat der oerlis komt oer dat gebrûk. Yn de brief fan 29 maaie 2007 steane beheiningen oanjûn. De sin activiteiten die bovenlokaal en commercieel van aard en van substantiële omvang zijn en onderdak bieden aan grootschalige watersportgerelateerde evenementen waarvoor in of nabij Grou geen geschikte ruimte is moat in dúdlik ûnderdiel wurde fan it foarstel. Oars soe GB in amendemint dêrta yntsjinje wolle. De hear Riemersma (FNP): Hy hie betinkingen oer de arguminten oer wat foar eveneminten der plakfine koenen. It is úteinlik in saak fan it kolleezje. Ut it doarp wei binne der ek gjin reaksjes kommen. Persoanlik is hy it iens mei it foarstel, ynklusyf de troch de hear Hemminga oanhelle passaazje. Pagina 8 1 03 (er-l.ich n.;d 2105200 7/,itr;h/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 16