De lesútfal en it dêrmei gearhingjend spijbelgedrach hawwe grutte pefolgen foar de ferfolchoplieding. Yn dit skoallejier wie de lesútfal by de OSG Sevenwolden al 72 lesoeren. Men kin de útfal net opfange. De gemeente moat der Ondersyk nei dwaan. De learlingen krije te min lesstof en krije dêrtroch yn it tredde jier problemen. De hear De Boer (PvdA): Lesútfal is in ferantwurding fan de skoallen en de ynspeksje sjocht derop ta. OSG Sevenwolden foldocht oan de wetlike noarmen. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat de âlden deroer heard en sy wit it ek út eigen Onderfining. De hear De Boer (PvdA): As in skoalle foldocht oan de noarmen dan kin men der neat oan dwaan. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wol dochs omtinken foar it problemen freegje omdat it om de takomst fan de bern giet. Wethâlder Van der Meulen: Men moat it fan de provinsje hawwe. Der komt in nij jongeren- en ûnderwiisbelied. By lesútfal moatte de âlders har beklach dwaan by de skoallen en eventueel y de ynspeksje. Mefrou Veldstra (FNP): Fynt it hiel koart troch de bocht. Der is ek noch in soarchplicht fan de gemeente. Wethâlder Van der Meulen: As de âlders gjin foet oan de grûn krije kinne by de skoalle dan kin men har ta de ynspeksje rjochtsje. Mefrou Veldstra (FNP): De learplichtamtner soe der ek omtinken oan jaan kinne. De hear Bouma (VVD): De gemeenteried moat har de soarch fan de âlders wol oanldke. Wethâlder Van der Meulen: Formeel hat men gjin foech as ried om har mei eventuele misstannen Men8moat"noch ynformaasje fan it Ryk krije oer ekstra finansjele stipe. As it net binnen it budzjet kin dan sil er de ried dêroer ynformeare. 4.7 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen XA/R/in Mefrou Veldstra (FNP): De gemeenten moatte mei yngong fan 1 jannewaris 2008 in WMO- platfoarm hawwe. Hoe fier is men dêrmei? Soe men de kliïnteried opnimme wolle yn de n.je WMO-ried? Wethâlder Minkes: Men is op dit momint yn in brainstoarmfaze. It giet benammen oer de belutsenheid mei de saak. Men hat in brief krige fan de kliïnteried om har fertsjintwurdigje te litten yn de WMO-ried. Nei de simmer kin sy mear iepenheid jaan. Men stiet iepen foar suggestjes. Mefrou Veldstra (FNP): Hoe sit it mei it abonnemint op Op 'e Hichte? It is in ynformaasjeblêd foar de gemeente en soks moat dochs fergees wêze? Mefrou Schadd-de Boer (portefuljehâlder): Zij zal de vraag schriftelijk beantwoorden. Mefrou Veldstra (FNP): Sa'n 300 agrariërs hawwe dit jier wer in ferkearde oanslach foar de ûnreplikgoedbelesting krige. De LTO hat it al nei bûten brocht. Is de flater al repareard? Pagina 10 1 03 furïhch ned zOOb^COV/abih/l 0

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 18