Harns leit net sintraal yn Fryslân, mar der leit wol in yndustryterrein dat mooglikheden jout foar de bou fan de REC. Op de skaal fan Fryslân is It Hearrenfean-Harns in hiele ôfstân mar op wrâld/Europeesk nivo stelt it eins neat foar. Der binne ôffalferwurkers dy't goedkeaper binne. Der soene dan ek skerpere tariven by Omrin mooglik wêze moatte. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): Is it stânpunt fan de portefúljehâlder ek it stânpunt fan it kolleezje? De MER-stúdzje moat men noch ôfwachtsje. 'Vooralsnog' kin der foar de FNP út. De hear Bouma (VVD): Men moat ynstekke kinne op it finen fan goede partners. De technyk en de potinsje fan de REC binne op harsels goed. Der moat lykwols in breder draachflak komme. De hear Hemminga (GB): Oer de kapasiteit: Men moat ek nei de lange termyn sjen. Dan sil der genoch kapasiteit wêze. De needsaak om in eigen ynstallaasje yn Fryslân te bouwen liket der neffens him net te wêzen. De hear Vellinga (PvdA): Men kin as ienfâldige riedsleden alles net befetsje. De sâltwinning stiet bygelyks op de aginda yn Den Haach. Stel dat men nee seit en de oaren sizze ja, wat bart der dan? Wethâlder Van der Meulen: De mearderheid beslút. De hear Vellinga (PvdA): Hat men op dat momint de mooglikheid om út te stappen? Wethâlder Van der Meulen: Dat is in lestige juridyske kwestje. Der hat in 1995 in diskusje west oer de statuten, û.o. oer de leveringsplicht. Boarnsterhim hat dat net tekene en wol in kantteke ning dêroer makke. De hear Vellinga (PvdA): Kin men dat foar freed goed ûndersykje? Want neffens de berjochten yn de krante soe in mearderheid foar de REC wêze. De hear Zijlstra (CDA): Wol de PvdA dan dat Boarnsterhim útstappe moat? De hear Vellinga (PvdA): Men moat in beslút nimme op basis fan alle gegevens. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat foldwaande gegevens foar in beslút. As de mearderheid beslút om sunder betingsten fierder te gean, dan wol it kolleezje har derop beriede oft it konsekwinsjes hat foar de levering. Boarnsterhim komt mei in nuansearre ferhaal. Wol graach 'vooralsnog' stean litte. It is noch mar de fraach oft men op in oar plak in oven delsette moat. Op termyn is der neffens him genoch ferbaarningskapasiteit. Hy hat itselde stân- punt as it kolleezje. De foarsitter: De wethâlder kin syn fertuten mei de ynformaasje dwaan. Hy ûnderbrekt de gearkomste foar in koart skoft. De foarsitter: lepent de gearkomste. 2.2 Presentaasje oer de romtelike ynpassing fan de Brede Scholen yn Akkrum en Grou De hear Buiter jout in presintaasje fan de plannen foar de brede skoalle yn Grou. De hear Hams (arsjitekt) Ijochtet it konsept-ûntwerp ta. Pagina 3 1 03 ferslach ried 22052007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5