BOARNSTERHIM
gemeente
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 29 maaie
2007 om 19.30 oere yn de Riedseai fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou
Oanwêzich:
Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer
Griffier: de hear M. Frensel
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser, H.
Vellinga en R. van der Woude
fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer
fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis
fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij
fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en
de hearen D. van der Meulen en R. Vogelzang (gemeentesekretaris a.i.)
Fan de jongereinried: Sabina Rietveld en Bram de Groot
Mei kundskip ôfwêzich: mefrou P.M. Esser (de PvdA) en de hear A.J. de Vries (wethâlder)
1. ALGEMIEN
1.1 lepenje
De foarsitter hyt alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom.
1.2 Fêststellen fan de wurklist
Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA wol de moasje ynlûke, omdat men gjin mearderheid foar de
moasje krije kinne sil. Men hat as de PvdA in sinjaal ôfjaan wollen.
De foarsitter: Agendapunt 2.1 (onder d) wordt daarmee van de agenda gehaald.
1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 17 april 2007 en 8 maaie 2007
It ferslach fan 17 april 2007
De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld.
It ferslach fan 8 maaie 2007
Mefrou Veldstra (FNP): Side 10: Sy wol der oan taheakje dat sy frege hat oft de fraksjes it
konvenant krije koenen.
De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy oanpassing goedkard en fêststeld.
1.4 Ynkommen stikken
Punt 3 en 9
De hear De Jong (PvdA): De brandweer ziet zich voor veel taken gesteld (ynformaasje VNG
oangeande brânwarûntwikkelingen)en er zijn diverse ontwikkelingen gaande. Wil het punt na de
vakantie op de agenda hebben.
Mefrou Veldstra (FNP): Tinkt der ek sa oer.
1 0 f-::rrJ rI- (I J0r5?00 7/~<h >h 1