De hear Bouma (VVD): Yn it dualistysk systeem wurket de akkountant yn opdracht fan de ried. De relaasje mei de ried is neffens him noch net op oarder. Hoe soe men de ried dêr noch sterker by belûke kinne? De hear Douma: Er ontstaan de laatste jaren in gemeenten steeds vaker auditcommissies. Die onderhouden het contact met de accountant. Het is een goed instrument om de binding met de raad te verbeteren. Dat zou hij dan ook willen adviseren. De hear Van der Woude (PvdA): Der wie neffens him alris pleite foar sa'n auditkommisje. Wolle de oare fraksjes dêroan meidwaan? De hear Hemminga (GB): Men hat as GB earder foar sa'n platfoarm pleite. GB kin it foarstel dan ek stypje. Mefrou Veldstra (FNP): De line mei de akkountant soe yndied fersterke wurde kinne fia sa'n auditkommisje. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje stiet foar transparânsje en helderheid. Der is in grut tekoart yn de jierrekken 2006. Hoe hat it safier komme kinnen en hoe kin men it foarkomme? De administraasje is net goed by de tiid en men soe ek better achter de debiteuren oangean moatte. Der moat mear djipgong komme en der sille goede rapportaazjes nei de ried ta komme moatte. It kolleezje is drok dwaande om de saak wer yn de stringen te krijen. Der hat in reorganisaasje west. Yn de perspektyfnota hat men in trochkyk nei 2008. De behearsplannen komme yn byld en men krijt in trochrekkening fan de projekten. Yn it ferline hawwe dat oangeande bepaalde saken te min omtinken krige. Der sit wol in deeglike Onderbouwing ûnder de grûnprizen. Dat de brede skoalle noch net foar de beslútfoarming foarlein wurdt hat ek mei de oanpak te krijen. Foar 2008 wol men heldere en betroubere sifers hawwe. Der kinne neffens him noch wol wat tsjinfallers oankomme. It stribjen is om by de begrutting 2008 de saak op oarder te hawwen. Hy fynt it in goede suggestje om saken mei grafiken en tabellen sichtber te meitsjen. Boarnsterhim is yndied finansjeel kwetsber. Dêrom moat men hoeden omgean mei risiko's. Men moat realistysk wêze en dan kin men foar de takomst bouwe oan in finansjele reserve. De ferklearring fan rjochtmjittichheid sil men foar 2007 ek net helje. Dat hat te meitsjen mei de kanteling fan de organisaasje. Yn 2008 wol men de administraasje wer op oarder hawwe. De hear Van der Woude (PvdA): Wat fynt de wethâlder fan de ynstelling fan in auditkommisje? Wethâlder Van der Meulen: Dat is oan de ried. It is lestich foar guon riedsleden om goed de djipte yn te gean oangeande de finânsjes. It hat as neidiel dat der in groep 'freaks' ûntstiet binnen de De hear Bouma (VVD): Hoe sjocht de wethâlder oan tsjin de opmerking fan de VVD dat noch net alle tsjinfallers yn byld binne? Wethâlder Van der Meulen: Der binne noch risiko's. De administraasje sil earst foar 100% op oarder wêze moatte. Der sille yn 2008 miskien noch wol ferskowings plakfine, mar as dat sa is dan komt men dêrmei nei de ried ta. De hear Bouma (VVD): De VVD hat ek oare projekten neamd as de brede skoalle. Hoe sit it dermei? Pagina 7 1 04 ferslach 12062007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10