Wethâlder Van der Meulen: Der komt by de perspektyfnota fierdere ynformaasje. Wethâlder De Vries: By de projekten bringt men de saken breed yn byld. By it ynstellen fan it grûnbedriuw wie it de yntinsje om goede saken te dwaan. Hy wol ûntstride dat der gjin plannen west hawwe. Partijen hawwe har lykwols weromlutsen. In earste stap is dan it ôfboeken. Men sil fêst de mooglikheden benutte kinne foar de takomst. Der sil in helberheidsûndersyk oer Grou- Noard en Warten oan de ried foarlein wurde. En der komt in Ontwerp grûneksploitaasje en der komt in wersjenning fan de projekten. It kolleezje wol op in realistyske wize mei it grûnbedriuw omgean. De gemeente sil har miskien wat saakliker opstelle moatte as yn it ferline. De hear Bouma (VVD): It kolleezje hat ek in ferline bepaalde advizen krige en net opfolge. Hoe realistysk is it om it no wol te dwaan? Men hie yn it ferline de oanbefellings better opfolgje kinnen. Wethâlder De Vries: Men kin net feroarje wat yn it ferline bard is. De kommende wiken sil bliken dwaan hoe realistysk it is. Der binne ôfspraken makke hoe't de dielnimmende partijen de tekoarten by de SteandeMêstrûte ferdiele. It út de tiid rinnen is ien fan de oarsaken fan it tekoart. Wêrom soe Boarnsterhim foar it bedrach opdraaie moatte? Der is genôch oanlieding om dêr mei de provinsje oer te praten. Wethâlder Minkes: De werstrukturearring is mei ien hammerslach troch de ried kommen. Men moat jin ôffreegje hoe't de projekten har ferhâlde ta de finânsjes. De wrâld is ek komplisearder wurden. Men hat O.o. mei kontinginten, in stêdeboukundige fisy en BOS-L te meitsjen. It giet net allinne om it jild mar ek om de ynhâld. De hear De Visser (PvdA): De werstrukturearring Grou en Akkrum soe yn 5 jier ôfskreaun wurde. Wêrom no yn ien kear? Wethâlder Minkes: Der is op in bepaald momint in balâns opmakke. It is ek keppele oan de riolearring. It giet yn de werstrukturearring net allinne om wat de gemeente wol mar ek om wat de minsken wolle. It momint fan oplevering fan wenningen is bepalend foar it tal wenningen. Sy wol it noch wol eefkes tsjekke. De hear Galama: As it min giet dan geane de ferliezen faak nei grutte hichten. Wat ferwachtet men foar de kommende jierren? In algemiene reserve fan 2,5 miljoen is tige wichtich. Hoe sjocht men de begrutting 2007 no't der gjin dekking út de algemiene reserve fûn wurde kin? Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): In goede fersteander hat mar in heal wurd nedich. De PvdA stipet de keuzes fan it kolleezje. Men wol nei de takomst sjen. Sy is dan ek bliid mei de wurden fan mefrou Veldstra. De ried moat yn syn gehiel de skouders der Onder sette. De hear Seldenrust (FNP): De PvdA hat fan 1984 óf diel út makke fan it kolleezje. Leit it no oars by de PvdA-fraksje? Mefrou Dekker (PvdA): Dêr soe men it net oer hawwe moatte. Sy fynt it net ferstannich om by de âlde kolleezjes del te gean. De hear Seldenrust (FNP): De PvdA hat altyd diel útmakke fan it kolleezje. Is it dan no oars by de fraksje fan de PvdA as earder? Pagina 8 1 04 ferslach 12062007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 11