Mefrou Dekker (PvdA): Men moat fansels fan it ferline leare. Men wol no de skouders der ûnder sette. De hear Bouma (VVD): Dat is op himsels prima, mar it freget wol in omslach. Fanút it ferline is men wol ferantwurdlik foar de tastân. De VVD woe de latte op finansjeel gebiet altyd al heech lizze. De hear Vellinga (PvdA): Wiist derop dat hy noch net sa lang yn de ried sit. Mefrou Esser (PvdA): Men hat it ferhaal fan de akkountant heard. Men wit net altyd krekt wat de ûntwikkelings wêze sille. Men hat ek te meitsjen mei 'voortschrijdend inzicht'. De hear Bouma (VVD): Hoe giet men mei tsjinfallers om? Der is blykber no in kultueromslach. Mefrou Dekker (PvdA): It is yndied in keuze. Men wol no echt nei de takomst ta. De hear Hemminga (GB): Der is gjin takomst sûnder it ferline. Men hat earst hiel diplomatyk reagearre op syn fraach oer in omslach en hy is bliid mei de oare koers dy't de PvdA no ynslaan wol. De wethâlder wol iepen en transparant wêze en men kin noch net foar alles in garânsje jaan. Kin de amtlike organisaasje it wol oan? Men is gâns ôfhinklik fan deskundigen fan bûten. Foar de personiele besetting sil dan ek by de perspektyfnota omtinken frege wurde. Dat is ien fan de wichtichste punten om de omslach wiermeitsje te kinnen. Foar 2008 moat men stribje nei in algemiene reserve fan 2,5 miljoen. De hear Bouma (VVD): Hy sjocht mei ferwachting út nei de perspektyfnota. It mei net sa gean as mei de begrutting fan 2007. De VVD wol betroubere sifers hawwe. Mefrou Dekker (PvdA): Wol de VVD de skouders der Onder sette? De hear Bouma (VVD): Dat wol er seker dwaan mei in goede Onderbouwing fan sifers. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat it 'mei de skouders der Onder' net sa bedoeld as mefrou Dekker foarkomme lit. Der moat wer stjoer yn de organisaasje komme. Der sil sa gau mooglik in nije gemeentesekretaris komme moatte en men hat ferlet fan heldere ynformaasje nei de ried ta. De FNP hat altyd de skouders derûnder sette wollen. Der is neffens har genóch perspektyf foar de gemeente. Sy is bliid dat de wethâlder alle risiko's yn byld bringe wol. Yn it rapport fan 2007 binne in hiel protte oanbefellings dien. Der is lykwols neat mei bard. Sy hat ek it foarstel dien om de rekkenkeamer de opdracht te jaan om de amtlike organisaasje Onder de loep te nimmen. Wat fine de oare fraksjes dêrfan? Mefrou Dekker (PvdA): Sy fynt it lestich om no fêst te stellen oft it ta de opdracht fan de rekkenkeamerkommisje heart. Sy soe it earst yn it presidium beprate wolle. Mefrou Veldstra (FNP): Men kin as ried bepaalde saken opdrage. De hear Hemminga (GB): De fraach oer de takomst fan de gemeente moat oan de ried foarlein wurde. Foar in Ondersyk fan de amtlike organisaasje soe men ek dúdlikere omskriuwingen jaan moatte. Mefrou Veldstra (FNP): It idee libbet binnen de FNP. Hat de gemeente wol kâns fan oerlibjen? De hear Hemminga (GB): Dat is in hiel oare diskusje. Pagina 9 1 04 ferslach 1 2062007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12