Mefrou Veldstra (FNP): Der moat sa gau mooglik in stap makke wurde om wer in algemiene reserve op te bouwen. Men soe ek nei de bestimmingsreserves sjen kinne. De hear Riemersma (FNP): It kolleezje soe fan goede wil wêze. It sifer fan 15 euro de kante meter soe op basis fan in goede Onderbouwing wêze. Neffens de útlis fan de amtner soe de priis wol leger wêze kinne. Hoe helder is de analyze fan de wethâlder? De hear Zijlstra (CDA): Tank foar de beäntwurding fan de fragen. Moat de rekkenkeamerkommisje de amtlike organisaasje nochris Onder de lûp nimme? Men kin better earst it plan fan oanpak fan it kolleezje ôfwachtsje. Hy tinkt net dat men yn de ried reagearke moat op de reaksjes fan âld-wethâlders yn de krante. Is GB foar opdieling fan Boarnsterhim? De hear Hemminga (GB): Men wol de diskusje oangean. It is hiel lestich om de saken finansjeel goed op oarder te krijen. De âld-portefúljehâlders binne mei reaksjes nei bûten kommen. Dêr soe men op syn minst op reagearje moatte. De PvdA hat in reaksje jûn, mar fan it CDA hie er ek in antwurd ferwachte. De hear Zijlstra (CDA): Hy is tefreden mei de nije oanpak fan it kolleezje. By Grou-Noard is dus yn de léste faze in kandidaat ôfheakke. Hy wol fierder net yngean op it ferline. It kolleezje moat de saken sa bringe dat it begryplik is foar de riedsleden, mar ek foar de bewenners. Dêrom wie men earder net foar in auditkommisje. Wethâlder Van der Meulen: Men moat stribje nei in stabyl bestjoer. Dat sil net fan hjoed op moarn gean. As kolleezje en ried in konsistint belied fiere dan wit de amtlike organisaasje ek wêr't men oan ta is. Hy tinkt net dat men yn 2008 al in algemiene reserve fan 2,5 miljoen hat. It kolleezje wol ynsichtlik meitsje wat de risiko's binne. De hear Van der Woude (PvdA): Is it binnen twa jier wol helber? Wethâlder Van der Meulen: Hy wol earst de administraasje op oarder hawwe en ek witte wat de ried wol. Men besiket saken struktureel oan te pakken. Hy hat der betrouwen yn dat deselde flaters net wer makke wurde. Der leit in realistyske Onderbouwing Onder de grûnpriis fan 15 euro. As it takom jier net ferkocht is dan wurdt it wol lestich om de priis fêst te hélden. De foarsitter: Het college is op dit moment in gesprek met colleges van omliggende gemeenten over vormen van samenwerking. Op dat thema zal zij terugkomen. Mefrou Veldstra (FNP): Hoe sit it mei de bestimmingsreserves? Wethâlder Van der Meulen: Dy moat men regelmjittich tsjin it Ijocht hâlde. De hear Riemersma (FNP): De 1 5 euro wie neffens de amtner noch oan de hege kant. Wethâlder Van der Meulen: Hy bedoelt wierskynlik itselde as de amtner. De merk moat Otwize wat it wurdich is. De hear Riemersma (FNP): Hy fynt dat der ferskillende ynterpretaasjes fan de grûnpriis binne. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan in lânwinkel, boerengolf en edukaasje plan "De Wartenster" op it perseel Midsbuorren 7 te Warten Pagina 10 1 04 ferslach 12062007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 13