Mefrou Meinderts (CDA): It is in hiel moai inisjatyf en it past ek goed yn de omjouwing. Mei faasje foarút mei it plan. De hear Riemersma (FNP): Kin him dêrby oanslute. Hy sitearret: 'Ook is het niet de bedoeling dat langsfietsende mensen hier langs kunnen komen voor alleen thee en koffie'. Wêrom kin dat net? En hoe wol men dat kontrolearje? De hear Van der Sluis (VVD): It is in goede Ontwikkeling foar it plattelân. Sa gau mooglik dermei oan de slach. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA is hiel bliid mei it foarstel. It is spitich dat men net hurder opsketten is mei it bestimmingsplan bûtengebiet want dan hie men no gjin diskusje hawwe hoegd. Wat is in 'ingetogen bord De hear Hemminga (GB): Is it iens mei it foarstel. Wethâlder Minkes: It is moai inisjatyf fan in partikulier dy't seis ek foar de romtlike Onderbouwing soarge hat. In 'ingetogen bord': gjin fluorisearjend boerd yn de nacht. De opmerking oer de teeskinkerij hat te meitsjen mei it feit dat men it net propagearret. Sy tinkt dat de inisjatyfnimmers tige bliid binne mei de lûden. Mei de artikel 19 proseduere is men sa'n 9 moannen kwyt. In reden te mear om it bestimmingsplan bûtengebiet sa gau mooglik klear te hawwen. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Is der gjin probleem as men it (teedrinken) wol docht? Wethâlder Minkes: It giet derom dat it op in goede wize brocht wurdt. De gemeente sil de kopkes net telle. De foarsitter: As A-stik nei de ried. Mefrou Dekker (PvdA): Kin it net daliks nei it beslútfoarmjend diel? Mefrou Veldstra (FNP): Fynt dat net korrekt. De foarsitter: It giet dus as A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om it "Dienstverleningsprofiel van de gemeente Boarnsterhim" fêst te stellen. By dit punt nimt de hear Seldenrust it foarsitterskip oer. De hear Van der Woude (PvdA): It resultaat mei der wêze. Hy hat in formele fraach. It tsjinstferlieningsprofyl wurdt útdroegen troch it personiel en it kolleezje. Foar de PvdA is it foldwaande om it posityf foar kundskip oan te nimmen. Mefrou Veldstra (FNP): Wêrom is keazen foar it buro út Poarmerein? Wêrom is net gebrûk makke fan it oanbod fan de VNG dy't ek yn Ljouwert west hat? Wat hawwe de kosten west fan dit projekt? Is der wol draachflak binnen de organisaasje en is alles wol helber? Past it wol by de kultuer yn Fryslân? Der wurdt praat oer in automatisearringsplan. Dat kin better mei oare gemeenten opset wurde. Wêrom moat men der in beslút oer nimme? De hear Zijlstra (CDA): Foar it CDA kin it kolleezje it beslút wol nimme. It is in moai ferhaal wurden. It hat allinne sin as de organisaasje stabyl bliuwt. Dêrom sa gau mooglik minsken Pagina 11 1 04 ferslach 12062007/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 14