De hear Zijlstra (CDA): Stelt foar om earst punt 3.6 te behanneljen. Wethâlder Van der Meulen: De riolearing (punt 3.5) moat foar de simmer ôfdien wurde. It kin wol in wike letter ôfhannele wurde. Mefrou Dekker (PvdA): Men kin punt 3.6 op dizze jûn ôfmeitsje. De foarsitter: Men spreekt af dat men dat dan uiterlijk om half twaalf afsluit. De FNP heeft er geen moeite mee om een vraag een week uit te stellen. 3.5 Foarstel oangeande de rapportaazje Ynvestearingen GRP oantemei 2006 Dit foarstel sil behannele wurde op 19 juny. 3.6 Foarstel oangeande it starten fan in frijstellingsproseduere op grün fan artikel 19 lid 1 WRO foar de Ontwikkeling fan in bedriuweterrein yn Reduzum Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is bliid dat it foarstel foar leit, mar is net bliid mei de negative toan. Men moat bliid wêze mei it inisjatyf fan ûnderen óf. Der kin in eksploitaasje-opset oerlein wurde. Der binne mear gadingmakkers as dat der plak is. It oerlis mei Wetterskip Fryslân leit klear. Der wurdt mei in arsjitekt oan de byldkwaliteit wurke. Ut de brief fan PB Reduzum docht bliken dat dy der ek achter stiet. Neffens it streekplan draacht de romte foar de lokale bedriuwen û.o. by oan de fitaliteit op it lokale skaalnivo. De ûndernimmers wolle graach yn Reduzum bliuwe. It is wichtich foar de wurkgelegenheid yn it doarp. De kwaliteit fan de romte en de leefberheid kinne sa oerein bliuwe. De gemeente moat gong sette yn it oerlis en de proseduere. De hear Seldenrust (FNP): It stik is frij negatyf kwa ynfolling. It is skreaun fanút it eachpunt fan tsjinargumintaasje. Sûnt 2001/2002 is men al dwaande om op dit plak in bedriuweterrein te krijen. Yn de kanttekeningen binne der tal fan ûndúdlikheden. Wat hat it oerlis fan 5 jier dan opsmiten? No wurdt der wol in risiko-analyze jûn wylst it by in oar projekt net koe. In ûnôfhinklik buro ynskeakelje foar in second opinion: de ried hat der net om frege. Betelje de inisjatyfnimmers de kosten? Jiide der foar bedriuweterreinen oare regels as foar wentebou? Hy hat earder alris frege (Swinlân) hoe't it sit mei de feiligens oangeande ien berikbere dyk. Doe die men der net sa lestich oer. De passaazje oer it 'bedrijfsverzamelgebouw' wiist ek op it sykjen fan tsjinarguminten. As it net bekend is wat de gefaren binne, wêr binne dan de jierlikse kontróles foar? Der is al jierrenlang ferlet fan it bedriuweterrein. De FNP is net sa entûsjast oer it plak, mar dochs moat it trochgean. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is akkoart mei it foarstel. Mei in bedriuweterrein hâldt men de leefberheid yn it doarp yn stân. Hy is bot skrokken fan de negative beäntwurding troch it kolleezje. Lit it trochgean en set der faasje achter. De hear Hemminga (GB): Doe't de moasje oannommen waard koe men wol fernimme dat de wethâlder der net sa foar wie. De arguminten jouwe de yndruk dat de provinsje dy arguminten dan maklik brûke kin om it op te kearen. It hie positiver oanpakt wurde moatten. Hy wol oan punt 3 tafoegje: 'betrek de ondernemers bij het overleg met de provincie'. Dêrta tsjinnet GB in amendemint yn. De hear Van der Woude (PvdA): Twa útgongspunten spylje in rol. De moasje en dat de ekstra kosten foar de ûndernimmers komme. Men wie net sa ûnder de yndruk fan de toan. De ûntbrekkende ynformaasje ûnder kanttekening 3 moat men besykje noch boppe wetter te krijen en de PvdA wol de partijen dêr 4/5 wike de tiid foar jaan. Dêrnei de artikel 19 proseduere opstarte. As it foarstel net troch it kolleezje oanpast wurdt dan komt de PvdA mei in Pagina 13 1 04 ferslach 12062007/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 16