amendemint. As it beslút (ferklearring fan gjin beswier) fan de provinsje binnen komt dan moat de ried beslute om de frijstelling al of net te ferlienen. Wethâlder Minkes: Oangeande it léste: Der leit yndied net in algehiele delegaasje oan it kolleezje. Sy fynt it net in negatyf stik. Men hat yn maart in petear hân mei de inisjatyfnimmer ynklusyf it advysburo. Dat soe it streekplan der nochris neist lizze en it oanfolje. Men joech lykwols letter oan dat men neat hoegde oan te foljen. It stik is nei béste eare en gewisse ta stén kommen. As it noch in kear foarlein wurdt dan kostet dat jild. Sitearret út de riedsgearkomste fan septimber 2004: 'Het initiatief van het plan is verzameld door een aantal ondernemers. Het initiatief blijft gedurende de planvorming bij de ondernemers liggen. De gemeente draagt zorg voor de behandeling van de bouwaanvraag en de bestemmingsplanprocedure'. It is in partikulier inisjatyf. Dy sil soargje moatte foar alles wat nedich is. It is nuver dat it advysburo net komt mei in plan fan ekonomyske helberheid. It kolleezje is bûn oan de moasje en dan giet it foarstel sa fia de ried nei de provinsje. Men hat te meitsjen mei talittingsplanology en dat is in saaklike diskusje. Men hat yn it streekplan yn Akkrum (Spikerboar) en Grou in bepaalde posysje. Der spilet yn it Fryske Marreprojekt ek in lénskiplik elemint foar it Swin. Dit is it materiaal dat foarleit. Sy stelt foar om de proseduere by de ried te hélden. De hear Galama: Yn 2002 is men mei it plan begûn en de ekonomyske helberheid is al earder dellein. Ek yn it petear yn maart binne al saken oanjûn. Hy wol foarútsjen. De ûndernimmers nimme it risiko op har. Men wurket al foarút nei de takomst ta. Wêrom moat der in oar buro by komme? Twifelet men oan Tensis of oan de eigen deskundichheid fan de gemeente? Twadde termyn Mefrou Meinderts (CDA): De second opinion hoegde foar it CDA ek net. De brénwar docht alle jierren kontrôles en dér soe dan ek net in probleem lizze moatte. Der sit in negative toan yn it stik. Wol men it wol of net? Der binne bést wol saaklike eleminten lykas ekonomyske belangen foar it doarp om it trochgean te litten. De kommunikaasje mei de ûndernimmers moat goed wêze. De hear Seldenrust (FNP): Dielt de miening fan it CDA. It is ek foar de FNP in negatyf stik. Sa'n negatyf ferhaal hat er noch net earder lézen. It is ferstannich om it oan de ried te delegearjen. De second opinion kin der foar de FNP wol út. Hy twifelt net oan Tensis en oan de deskundichheid fan de gemeente. De arguminten oangeande de brénwar dogge neffens him ek net ta de saak. De wethélder soe mei in positive ynstek nei Ljouwert moatte. De hear Van der Sluis (VVD): De ried moat it yn eigen behear hélde. Hoe sit it no mei it rapport oer de ekonomyske helberheid? It stik is fierstente negatyf en dat moat oars. It kolleezje moat de skouders der ûnder sette en dêrfoar soargje dat it bedriuweterrein der komt. De hear Hemminga (GB): Hy is wol nijsgjirrich nei de ynhéld fan it petear yn maart. Hoe is de kommunikaasje û.o. oangeande it rapport oer de ekonomyske helberheid? Men moat in positive útstrieling hawwe oangeande it plan. De hear Van der Woude (PvdA): Is de wethélder ree om de 4 wike te brûken foar oerlis mei de ûndernimmers? Der is in riedsbreed ferskil fan ynsjoch mei de wethélder oer de toansetting fan it stik. Der moat in oanpast foarstel komme mei in positive toan. Want it riedsfoarstel giet nei de provinsje foar de oanfraach fan ferklearring fan gjin beswier. Hy tinkt dat it amendemint fan de GB net nedich is omdat hy derfan útgiet dat de ûndernimmers derby belutsen wurde. Wethélder Minkes: De oanfraach is in partikulier inisjatyf fan de ynsprekker. Pagina 14 1 04 ferslach 12062007/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 17