De hear Hemminga (GB): Dat is neffens him in misferstân. Der is wat mis mei de kommunikaasje. Wethâlder Minkes: It ferslach siet neffens har by de ynkommen stikken. De moasje moat syn gerak krije,. mar der wurde yn it stik allinne feitlikheden konstatearre. Sy kin net oars tinke as de brânwar. Der sit dan ek gjin wearde-oardiel yn it stik. De strekking fan it streekplan is net posityf foar it plan. De provinsje is not amused oangeande it plan. Men giet foar in plan dat helber is. Men moat by in proseduere sjen hoefolle jild men deroan kwyt is en dêrom is de risiko-analyze opfierd. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat risiko-analyze neamd omdat it in wike lyn by in oare saak net Wethâlder Minkes: Men krijt ien en oar foar de kiezzen by it foarlizzen fan it plan. Men moat útgean fan de korrespondinsje fan DB sa't dy der lei. Men kin ek saken fuortlitte, mar it giet deselde rûte. De hear Hemminga (GB): De wethâlder moat útgean fan de goede gegevens û.o. oer grûneigendom. Wethâlder Minkes: Sy giet út fan de oanfraach sa't dy by de gemeente leit en dus fan de feitlike stikken. As der yndied in rapport fan de ekonomyske helberheid leit dan hie men der wol gau in kopy fan meitsje kinnen. De romtlike Onderbouwing is neffens har net foldwaande. De hear Van der Woude (PvdA): De wethâlder harket net goed of sy begrypt it net hielendal. Jou beide partijen de kommende wiken de gelegenheid om eventuele Ontbrekkende ynformaasje boppe wetter te krijen. Der komt in oar foarstel oer de delegaasje en dêrom soe der ek in freonliker foarstel komme moatte. De hear Hemminga (GB): Kin him dêrby oanslute. De ried hat net fêststeld oft de romtelike Onderbouwing foldwaande wie. Dat wie yn de moasje net it punt fan diskusje. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD tinkt der krekt gelyk oer. De antwurden moatte boppe wetter komme. It foarstel moat dochs oanpast wurde. De foarsitter: Dan kan het niet meer voor 3 juli in de raad komen. De hear Van der Woude (PvdA): Hy hat ek fan de inisjatyfnimmer de termyn fan 4 wike heard. Dy sil der dan ek gjin problemen mei hawwe. De hear Seldenrust (FNP): Hy kin him folslein oanslute by dy wurden. Der moat oerlis komme mei de Ondernimmers. Der moat in stik mei in positivere toan komme. De ried wol manmachtich dat it plan trochgiet. Mefrou Meinderts (CDA): Slút har oan by de foarige sprekkers. Der moat in positiver stik komme en in goede kommunikaasje mei de inisjatyfnimmers. Wethâlder Minkes: Hellet de moasje oan: 'dat er plannen zijn gemaakt die voldoen aan de randvoorwaardeen die door de gemeente zijn gesteld. Dat er op grond van de huidige regelgeving geen beletselen meer zijn die realisering in de weg staan'. Mar de saken lizze op dit momint oars. Tensis wit presys hokker eleminten foar de romtlike Onderbouwing nedich binne. De gemeente hat der aardich wat enerzjy yn stutsen. It kolleezje wol de Ondernimmers bést de tiid jaan om de stikken oan te leverjen. Pagina 15 1 04 ferslach 12062007/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 18