Mefrou Esser (PvdA): Wêrom moat der in ûndersyk komme oft de romtelike Onderbouwing neffens de wethâlder net foldwaande is? Wethâlder Minkes: Het gaat vooral om de landschappelijke inkleuring. De hear Van der Woude (PvdA): Hy hat der dúdlik op oantrune dat it in belang is foar alle partijen. Hy fynt de reaksje fan de wethâlder noch te maklik. Hy wol aksje fan beide kanten hawwe. Wethâlder Minkes: It inisjatyf is oan de inisjatyfnimmer. Der hawwe wol deeglik kontakten west hokker saken foar de romtlike Onderbouwing oanlevere wurde moasten. Dat hoecht de gemeente net te dwaan. As de ried dat al wol dan sil dat jild kostje. Mefrou Dekker (PvdA): De ried wol dat it kolleezje der posityf mei omgiet. Men moat mei de Ondernimmers om de tafel sitte. Hoe komt it dat der ûndúdlikheden binne? De moasje moat Otfierd wurde sa 't de ried it foar eagen hat. De útstrieling is no noch te negatyf. Wethâlder Minkes: It freegjen nei ynformaasje is gjin inkeld punt. Mar sy kin de wrâld yn Fryslân lykwols net feroarje. Sy hat keazen foar de realiteitswearde. De foarsitter: Het stuk zal na de vakantie terugkomen. De volgende agendapunten zullen over een week behandeld worden. 3.7 Foarstel om in eksploitaasjebydrage beskikber te stellen foar swimbad en sporthal De Twine 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.3 4.2 Foarstel om in lid fan de Bestuurscommissie openbaar Basisonderwijs Boarnsterhim te beneamen 4.3 Foarstel oangeande it Undersyksrapport fan de Rekkenkeamerkommisje oer Veerpont de Burd 4.4 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen 4.5 Slute De foarsitter: sluit de vergadering om 23.30 uur. de griffier, Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 28 augustus 2007 de griffier, n de foarsitter mr. P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 17 minsken. Pagina 1 6 1 04 ferslach 12062007/absh/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 19