BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 19 juny 2007 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehüs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen B. de Jong, J.W. de Visser en H. Vellinga fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen, A.J. de Vries en adjunkt gemeentesekretaris P. Meulenbelt Fan de jongereinried: Sabina Rietveld en Keimpe de Jong Mei kundskip ôfwêzich: de hearen S. van der Meer (GB2000), J. Hemminga (GB2000), T. de Boer (PvdA), R. van der Woude (PvdA) en R. Vogelzang (gemeentesekretaris a.i.) lepenje De voorzitter opent de vergadering die een vervolg is op de vergadering van 12 juni. 3.5 Foarstel oangeande de rapportaazje Ynvestearingen GRP oantemei 2006 De hear Vellinga (PvdA): No is der in rapportaazje fan de eardere ynvestearrings en fan de nije ri- oelearring yn de Alde Feanen. Der folget noch in oansluting op 50 objekten dêr. It soms lestich te Ontdekken hoe't men saken ynbringe moat. De finânsjes. Hy hat muoite mei de opmerking op side 3 'de financiële eindsituatie zal naar ver wachting uitkomen op een overschrijding van 342.000 euro op een totaal van 800.000'. Wan- near wit men it dan krekt? En is sa'n oerskrieding net wat tefolle? Kin de wethâlder ek oanjaan wat der yn de takomst oan dien wurdt? De UBA's yn de kwetsbere gebieten. It soe tefolle kostje en rioelearring soe hygiënysk de béste kar wêze. Wat is it no? In IBA- 2 of 3 jout in goed miljeurendemint. Wat is de fersteuring fan it gebiet troch de oanlis fan in rioel? Wêrom wachtet men mei de kar net oant der dúdlikheid is oer dy 50 oare punten? As in IBA-oanlis yn sa'n gebiet al lestich is, is dan in rioelearringsoanlis dan in net folie grutter risiko? Is de kâns fan beswieren oanwêzich? Wa betellet mei oan de oerskrie ding fan it budzjet en sit it ûnderhâld der wol yn? De hear Gerbrandij (CDA): It moat altyd kostendekkend wêze. Earst is der in lytse meifaller fan 4500 euro en is der in oerskot fan 20.000 euro en fuort dêrnei is der in tekoart fan 32.000 euro. It is acht kear sa djoer wurden yn Wergea. Hoe kin soks? It rioel oan de Fricowei soe kostenbe sparend west hawwe, mar foar hoefolle? Hy slút him fierder oan by de fragen fan de hear Vellin ga. De hear Riemersma (FNP): It fait op dat der gruttte ferskillen yn rûzings en útfieringskosten bin- ne. It is gemiddeld 40% by de gruttere posten. Der binne in protte positive sifers ûntstien troch- 1 04 ferslach 19062007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 24