dat men by de werstrukturearring it rioel ek ûnder hannen naam. Dêrom by de werstrukturearring de ôfkeppeling fan it reinwetter fan it rioel altyd meinimme. Kin it wol mei punt 5 iens wêze. De hear Van der Sluis (VVD): De rapportaazje is op himsels dúdlik. De ferskillen yn foar- en nei- dielen falie op. It oppakken fan de riolearing by de werstrukturearring hat dúdlik foardielen. De ferliezen binne tige grut. De foarstelde oanslutingen yn de Alde Feanen kostje 20.000 euro per oansluting. De VVD sjocht it rendemint dêrfan net yn., Wethâlder Van der Meulen: Yn 2005 is der al melding fan makke dat it budzjet oerskrieden is. Fi- nansjeel is it doe ferantwurde. Puer sec hearre de Alde Feanen ta it bûtengebiet. It is technysk ti ge lestich om in IBA yn de Alde Feanen oan te lizzen, omdat der hast gjin ferskil yn wetterhichte is. In luchtparserioel (mei betreklik lytse buizen) jout folie minder fersteuring as in gewoan rioel en jout in hiel heech miljeurendemint. De kosten fan it ûnderhâld wurde meinommen yn it GRP. De saak fan de fergunnings sil er noch neisjen. Men koe net fine wêr't de rûzing foar it oerstoart yn Wergea op basearre is. Der wie in foardiel fan 106.000 euro by de oanlis fan de rioelearring yn Wergea. Men kin lestich yn de grûn sjen en dêrom binne der soms ekstra kosten. In oannimmer wol it risi- ko ek net nimme. By nijbou hat men dy problemen net. Yn de werstrukturearring sitte yndied in protte foardielen as men de rioelearring fuort meinimt. Twadde termyn De hear Vellinga (PvdA): Men komt plussen en minnen tsjin, mar de minnen hawwe wol de oerhân. Men makket 500.000 euro frij foar de Alde Feanen. Is it risiko dêr wol goed yn kaart brocht? Wêrom docht men it dêr net tagelyk mei dy oare 50 oanslutings? De fergunnings lykje him op himsels net sa'n grut probleem, mar wol de beswieren dy't der komme kinne. Neffens him bliuwt de fersteuring hast fan itselde nivo yn de Alde Feanen mei de foarstelde technyk as mei de oanlis fan in rioelearring. Boppedat moat it ûnderhâlden wurde. Der binne IBA's te pleat- sen yn lyksoartige gebieten dy't wol goed wurkje. De hear Riemersma (FNP): Hy hat lézen dat der tagelyk mei it rioel stroom hinne brocht wurde sil. Der" binne beswieren fanwegen de Ijochtfersmoarging nachts. Is dêr wat fan bekend? De hear Van der Sluis (VVD): Der komt hast gjin fersmoarging foar troch de húskes en dêrom is it rendemint tige leech. De boatsjes feroarsaakje folie mear smoargens. As de 50 oanslutings boppe de 20.000 euro útkomme, dan hat de gemeente frijstelling fan de provinsje en hoecht men it net oan te sluten. Men kin der miskien ek noch op besunigje, as it al moat, troch it yn ien kear mei te nimmen.. De hear De Visser (PvdA): Yn de jiersifers 2006 stiet dat der foar it berchbesinkbassin 62.000 euro útjûn is. It hoecht lykwols net oanlein te wurden. Wethâlder Van der Meulen: Hy wit dat léste net krekt, mar hy sil dat útsykje en trochjaan. De oanslutings lizze mear ferspraat oer it gebiet fan de Alde Feanen. De kombi mei itselde systeem is dan ek lestich. Minsken kinne yndied beswier meitsje en dat kin fertragings opsmite. De fer steuring troch de oanlis fan in IBA by de rekreaasjehúskes is neffens him grutter as mei de oare technyk. Der wurdt tagelyk mei de buizen fan de luchtparselieding ek stroom oanlein. Der is noch diskusje oer mooglike Ijochtfersmoarging. Men hat de plicht om bepaalde saken te dwaan om in goed miljeurendemint te heljen. De hear Van der Sluis (VVD): Wiist derop dat de boarger de kosten drage moat. Pagina 2 t 1 04 ferslach 1 9062007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 25