Wethâlder Van der Meulen: De gemeente dielt de kosten mei de provinsje. Uteinlik komme de kosten foar miljeumaatregels yn Nederlân lykwols by de boarger Wethâlder De Vries: De feriening fan eigners (Alde Feanen) wol de nutsfoarsjennings der graach hawwe. Der is lykwols noch in diskusje oer yn it ramt fan it behear-en ynfieringplan. Dêr moat earst dúdlikheid oer komme. De feriening moat har ideeën mar ris op papier sette en ek it kosten- plaatsje derby lizze. Yn septimber sil der yn it oerlisorgaan wierskynlik oer praat wurde. De hear Riemersma (FNP): De iene groep hat dus al stroom en de oare 50 soenen it graach hawwe wolle? (Dat kloppet). De hear Bouma (VVD): It jout wat problemen. De VVD soe it ôfwachtsje wolle want dan hat men wierskynlik mear rendemint trochdat men mear perselen oanslute kin. Wethâlder Van der Meulen: It is yndied in oar gebiet. It is de fraach mei hokker systeem men dêr komt en oft men überhaupt mei in systeem dêr komt. Hy soe graach los wolle mei it foarlizzende plan. Wethâlder De Vries: It giet no ynearsten om de rioelearring. It oare aspekt hat fia in sydline oan de oarder west. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om in eksploitaasjebydrage beskikber te stellen foar swimbad en sporthal De Twine De hear Seldenrust (FNP): De FNP is bliid dat men dit jier noch yn it swimbad telâne kin. 'Dek deze bijdrage ten laste van onvoorzien incidenteel'. Der wie earder fêstlein dat der struktu- reel 150.000 euro beskikber wêze soe. Yn it stik stiet dat it ynsidinteel beskikber is. Hoe sit dat no krekt? It negative saldo fan sa'n 54.000 euro sil allinne mar grutter wurde. Mei hoefolle? As de Twine êfbrutsen wurdt, sil der in foarsjenning foar komme moatte. Men hat dêr noch gjin eksploitaasje-opset foar krigen. De hear Bouma (VVD): De VVD is ek bliid dat it swimbad dit jier noch iepen is. Hy tinkt dat by de perspektyfnota noch wat ynformaasje nei foaren komt. Oer de meifallers soe er graach mear wit te wolle, mar op himsels is de VVD it iens mei it foarstel. De hear De Jong (PvdA): De PvdA wil het voorstel steunen. Als men het zwembad open wil hou den, dan kost dat natuurlijk geld. Wethâlder De Vries: Is bliid dat de ried de pragmatyske oanpak oernimme wol. De 150.000 euro leit elk jier op de planke. As men it net brûkt dan fait it ynsidinteel yn dat jier frij en dan komt it wer yn de pot ûnfersjoen ynsidinteel Op dit momint is it saldo 350.835 negatyf. Der komme ek ynsidintele meifallers yn deselde pot. Hy sil de ried dêroer ynformearje. Men soe miskien gebrûk meitsje moatte fan in tydlike foarsjenning. It probleem moat wol oplost wurde en as der in foarsjenning komt dan leit dêr in eksploitaasje-opset by. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): It is him dúdlik hoe't der mei de posten skood wurdt, mar hy bedoelt dat net negatyf. De FNP giet akkoart mei it foarstel. De foarsitter: De raad krijgt nog informatie over de incidentele meevallers. As A-stik nei de ried. Pagina 3 1 04 ferslach 1 9062007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 26