4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.3 De hear Andringa sprekt yn op punt 4.3. Sjoch bylage. 4.2 Foarstel om in lid fan de Bestuurscommissie openbaar Basisonderwijs Boarnsterhim te beneamen De hear Riemersma (FNP): Wêrom krijt men noait de. 10 minuten skoft by de oergong nei it be- slútfoarmjende part? De foarsitter: De heer Riemersma heeft formeel gelijk. Het betreft deze avond een vervolg op de vorige vergadering. Er staat ook nog veel op de agenda en er is na de vergadering nog een over leg. Zij zal er de volgende keer rekening mee houden. Zij stelt een stemcommissie in (de hear Gerbrandij, de hear Vellinga en de hear Seldenrust) en schorst de vergadering De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer Gerbrandij. De hear Gerbrandij (CDA): Alle 13 stimmen binne útbrocht op de hear Cnossen. De foarsitter: Daarmee wordt de heer Cnossen tot lid van de Bestuurscommissie benoemd. 4.3 Foarstel oangeande it Undersyksrapport fan de Rekkenkeamerkommisje oer Veerpont de Burd Mefrou Veldstra (FNP): It foarstel is mei de griffier en it presidium ta stân brocht. De FNP stimt yn mei puntl, 2, 3 en 4. Oangeande dat léste punt is dat wat oars as dat troch de Burdferienings winske is. Men wit ommers noch net krekt wat der yn de feroardering stean sil. Dat sil op de ge- arkomste fan 11 septimber dúdlik wurde. De hear Zijlstra (CDA): It CDA kin ynstimme mei de earste 3 punten. It soe miskien wat letter op de wurklist kinne fanwegen de Bidlerbrêge yn Wergea. Oangeande punt 4: Binne der beliedsre- gel's nedich of kin der ek direkt in feroardering makke wurde? Men soe fansels stribje moatte nei konsensus. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD stimt ek yn mei de earste 3 punten. Oangeande punt 4: Men moat as gemeente besykje om saken út it konvenant nei te kommen en it mei inoar iens te wurden. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA is it iens mei de ynhâld en oanbefellings fan it rapport. Nochris de kompliminten oan de rekkenkeamerkommisje foar har wurk. De PvdA kin mei alle 4 punten ynstimme. De foarsitter: Stelt vast dat een meerderheid van de raad instemt met de 4 punten van het voor stel. Het presidium zal uiteindelijk besluiten wanneer het op de agenda komt. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wol útgean fan 11 septimber. De foarsitter: Dat staat zij ook voor. 4.4 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Seldenrust (FNP): Men hat ûndertusken in skriuwen hân oer it punt fan de brede skoal- len. It skema fan de projektmanager jout allinne de gearkomste mei de ûndertekeners oan. Wurdt de ried net op 'e hichte hâlden? Pagina 4 1 04 ferslach 19062007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 27