De kapfergunning fan de (49) beammen op Blikpôle: Is der net in mooglikheid dat benammen de platanen ferpleatst wurde kinne? Net alle beammen binne siik. De FNP hat in tige aktyf skaadfraksjelid. Hy hat in stik opdjippe út 1917. Men frege doedestiids in fergunning oan foar kaphout. De VVV wie it dêr net mei iens en skreau in brief nei de minister. Dy joech gjin tastimming foar de kap fanwegen it oansjoch fan de Blikpôle. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat it neamde planningoersjoch net krigen. It kolleezje hat in be- slút nommen oer de planning en hy soe dêroer mei de ried nei oerlis mei it presidium yn diskusje gean wolle. De earste gearkomste yn oktober sil beslútfoarmjend wêze. Hy sil derfoar soargje dat de goede planningsoersichten by de ried komme. Wethâlder De Vries: Fynt it bysûnder dat men dy feiten út 1917 oer de Blikpôle nei boppen helle hat. Neffens him is fanút itselde gefoel it foarstel fuortkommen. Der wie in beam omwaaid en net alle beammen binne sûn. De ferwachting fan de spesjalisten is dat mei in ferheging de beammen it mei de tiid net oprêde. De meiwurker fan de gemeente hat de inisjatyfnimmer west yn it ûnder- syk. Der binne in tal beammen dy't eventueel yn de beneaming komme soenen foar de ferpleat- sing lykas de platanen. Mei werplanting kin men lykwols in better resultaat berikke. Men besiket it wol yn lykwicht te bringen yn it werynrjochtingsplan. It is dus foar de langere termyn de béste oplossing. De bewenners kinne no troch de beammen hinne sjen en dy binne dan ek net sa wiis mei de oan- lis fan strewelleguod sadat it útsicht fuort rekket. It is lykwols sa opsteld dat men noch wol sicht op de mar hat. De hear Seldenrust (FNP): It is spitich der in folsleine kealslach op de Blikpôle plakfine sil. Mei in ferheging mei skjinne grûn soenen de beammen neffens him wol in oerlibbingskâns hawwe. Is der in mooglikheid fan de ynrjochting fan in boartersplak? Wethâlder De Vries: Noeget de hear Seldenrust út om it mei de minsken fan de gemeente ris te besjen. Wol de ynrjochting fan it Wetterfront oan de kommisje, dêr't de bewenners ek yn sitte, oerlitte. 4.5 Moasje fan de PvdA De hear De Visser (PvdA): Hy hat earder frege hoe't it mei de Bidlerbrêge yn Wergea komme soe. Der wie beswier fanút Wergea om de brêge net beweechber te meitsjen. Foar in net te grut be- drach soe men de brêge wat opknappe kinne en nei 5 jier kin men in nije ôfwaging meitsje. Om dat er neat mear fan it kolleezje heard hat, wol de PvdA in moasje yntsjinje. Hy lést de moasje foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 12 juni 2007. Overwegende dat; er bij de inwoners van Wergea zorgen bestaan over de (bediening van "Bidler Brêge"; er zo spoedig mogelijk duidelijkheid gewenst is over de toekomst van de "Bidler Brêge"; er nog geen voorstel aan de raad is voorgelegd over de toekomst van de "Bidler Brêge". Verzoekt het college: op korte termijn offertes aan te vragen waarin gevraagd wordt aan te geven: wat de kosten zijn voor het minimaal opknappen van de brug (zodat de brug weer 5 jaar gebruikt kan worden, inclusief bediening); wat zijn de kosten voor een optimaal herstel van de brug (zodat de brug weer 20 jaar ge bruikt kan worden, inclusief bediening); wat zijn de kosten voor een nieuwe beweegbare brug; wat zijn de kosten voor een boogbrug (vaste brug). Pagina 5 1 04 ferslach 1 9062007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 28