mede op basis van deze offertes zo spoedig mogelijk een voorstel aan de raad voor te leggen over de toekomst van de "Bidler Brêge". En gaat over tot de orde van de dag." Men hat it oare wike oer de fuortgongsrapportaazje fan de SteandeMêstrûte. Der sil oan de Fone- jagtbrêge en oare maatregels 260.000 bestege wurde. Soe der op dat bedrach wat besparring mooglik wêze as de brêge yn 2008 goed funksjonearret? Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje is mei in 'foarnimmen ta' dwaande. It is net slagge om it foarstel foar de simmer yn te bringen, dat kaam û.o. troch personiele wikselings. It foarstel sil yn septimber oan de ried foarlein wurde. De moasje kin oernommen wurde. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP-fraksje is posityf oangeande de moasje. Deroan tafoegje: Freegje offertes oan by de pleatslike bedriuwen en dat it foarstel dit jier noch oan de ried foarlein wurdt. De hear Zijlstra (CDA): It kolleezje nimt de moasje oer en dat is in goede saak. It CDA soe earst in diskusje mei it doarp hawwe wolle om dan mei in foarstel nei de ried te kommen. Mefrou Dekker (PvdA): Wat moat men dan beprate? Men wit ommers wat it doarp wol. De ried moat witte wat it kostet. De hear Zijlstra (CDA): Der binne miskien ek oare mieningen yn it doarp. De ynformaasje oer de provinsjale jilden is ek nijsgjirrich om te ferwurkjen. Dus earst de offertes, de ynformaasjejûn yn it doarp, ynformaasje fan de provinsje en dêrnei it stik. De hear Bouma (VVD): De VVD fynt it in goede moasje. Men kin in brêge ek fan oare materialen meitsje lykas keunststof. Wethâlder De Vries: Hy wol de troch de hear De Visser neamde saken der wol by beldke. Mefrou Dekker (PvdA): It is wichtich dat de bedriuwen yn it doarp in offerte útbringe kinne, mar men kin har dêr net ta beheine. It kolleezje soe dy pleatslike bedriuwen wol ynformearje moatte. Hoe giet soks krekt? Wethâlder Van der Meulen: Hy wol de bedriuwen wol ynformearje. Men moat ek sjen oft de be driuwen út it doarp it wurk leverje kinne. Hy soe in globale priisopjefte freegje wolle. It trajekt fan it meitsjen fan bestekken is tige kostber. Dan soe men dêr in budzjet foar freegje moatte. Mefrou Esser (PvdA): Men soe ek sjen moatte lykas de hear Bouma sein hat, nei oare materialen. Wethâlder Van der Meulen: Dat jout wol mear wurk en dan krijt men it miskien foar de simmer net mear foar elkoar. Mefrou Esser (PvdA): Men soe soks yn globale sin foarlizze kinne. Wethâlder Van der Meulen: Yn dy sin soe er it wol dwaan wolle. Wol de diskusje mei it doarp oangean as de ynformaasje mei Onderbouwing beskikber is. De foarsitter: Het college wil de motie overnemen, inclusief het vragen van offertes bij bedrijven in het dorp. Wil de PvdA de motie in stemming brengen? De hear De Visser (PvdA): It hoecht net as de wethâlder taseit dat der yn septimber in foarstel leit. Pagina 6 I 1 04 ferslach 1 9062007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 29