BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 26 juny 2007 om 19.30 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen B. de Jong, J.W. de Visser, T. de Boer, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hearen S. van der Meer en J. Hemminga fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen D. van der Meulen, A.J. de Vries en adjunkt gemeentesekretaris P. Meulenbelt Fan de jongereinried: Sabina Rietveld en Bram de Groot 7. ALGEMIEN 1.1 lepenje De voorzitter heet iedereen welkom. De vergadering zal uiterlijk half twaalf afgesloten worden. 1.2 Fêststellen fan de wurklist Mefrou Veldstra (FNP): De FNP-fraksje wol graach de punten 3.9 en 3.10 fan de aginda helje. Men wit no noch krekt hoe't it mei de finânsjes derfoar stiet en de neamde punten hawwe ek fi- nansjele aspekten. Boppedat is de aginda al tige lang. Wethâlder Van der Meulen: Soe de punten wol graach behannelje wolle. It is mieningsfoarmjend en de perspektyfnota is kommendeweis. It soe ek jild opsmite kinne. De hear Van der Sluis (VVD): Men hat noch neat fan de perspektyfnota sjoen. Stipet it foarstel fan de FNP. De hear Hemminga (GB): Stipet dat foarstel ek. Wannear is it beslútfoarmjend? Dan kin men de saken neist inoar sette. De hear Gerbrandij (CDA): Stipet it foarstel fan de wethâlder. Mefrou Dekker (PvdA): Stipet it foarstel fan de FNP, mar net fanwegen it argumint fan de lingte fan de aginda, want de aginda is yn it presidium fêststeld. Men wol graach in algemien byld fan de stân fan saken. Wethâlder Van der Meulen: De riedsleden krije de perspektyfnota nei de gearkomste fan dizze jûn. Mefrou Veldstra (FNP): Yn it presidium lei in koartere aginda foar. t 1 04 Ferslach 26062007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 32