Mefrou Dekker (PvdA): It argumint om in punt fan de aginda te heljen omdat dy te lang wêze soe, fynt sy net op syn plak. De foarsitter: Stelt vast de meerderheid van de raad het voorstel van de FNP steunt. Wethâlder Minkes: Wol agindapunt 3.7 fan de aginda helje. Op 11 maaie hat men in sitting hân by de rjochtbank dêr't de útspraak noch net fan bekend is. It stik is dus te prematuer. De foarsitter: Stelt vast dat de raad daarmee instemt. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 22 en 29 maaie 2007 Ferslach 22 maaie 2007 De hear De Visser (PvdA): De passaazje fan de FNP: 'is it stânpunt fan it kolleezje ek it stânpunt fan it kolleezje' is neffens him net korrekt. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat bedoeld oft it stânpunt fan it kolleezje ek it stânpunt fan de porte- fúljehâlder wie. De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wiziging goedkard en fêststeld. Ferslach 29 maaie 2007 De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Gjin fragen of opmerkingen. 2. YNFORMEA RJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Gjin fragen of opmerkingen. b. Mienskiplike Regelingen Jierrekken 2006 en ûntwerpbegrutting 2008 Hûs en Hiem Mefrou Dekker (PvdA): It komt jierliks werom. Soe in oare kear Hûs en Hiem derby útnoegje wol- Ie. Wethâlder Minkes: Fynt it in prima idee. De foarsitter: De suggestie wordt voor de volgende keer overgenomen. 2.2 Foarstel oer de yntegrale fisy Akkrum-Oost/Nes De hear Van der Sluis (VVD): Der moat mear romte komme, want no steane der eins allinne mar beheinings yn. De hear Riemersma (FNP): Hy kin him wol yn it foarstel fine. Set by de kleuren wat it betsjut. De hear Zijlstra (CDA): It CDA fynt it in goed stik. Haadstik 4 is nijsgjirrich, want dêr wurdt oan- jûn wat der yn it gebiet kin, lykas oanlisplakken. De Marrekrite soe der mei oan de slach gean kinne. It eardere kleasterterrein is yn behear by BBL. Freegje har om der wat moais mei te dwaan yn gearwurking mei de provinsje. It leit ek yn it werynrjochtingsgebiet Swette-de Burd en lânynr- jochtingskommisje soe der dan ek by belutsen wurde moatte. Pagina 2 1 04 Ferslach 26062007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 33