De hear Van der Sluis (VVD): Wat wol it CDA de eigner fan it pân foarskriuwe? Dy soe dochs seis in plan ûntwikkelje kinne moatte? De hear Zijlstra (CDA): De gemeente stelt de betingsten fêst. Mefrou Dekker (PvdA): De ried jout de kaders oan. Wat wol de VVD dan foar romte jaan? De hear Van der Sluis (VVD): It CDA stelt fierdere easken oan de eigner fan it pân. Dy moat nef- fens de VVD de romte hawwe om wat te dwaan. Mefrou Dekker (PvdA): De VVD moat dan oanjaan wat der dan wol mei. De hear Van der Sluis (VVD): Der soe in lichte horekafunksje komme kinne foar de boaten en fyt- sers. De hear Hemminga (GB): It hie wol wat konkreter kinnen. De 'verwevenheid met het landschap' jout wat ûndúdlikheid. Der soe neffens him net in grienstrook tusken de toer en Akkrum-East komme moatte. De hear Vellinga (PvdA): Wol earst in opmerking meitsje oer de status fan it stik. Mei in romtlike fisy kin men yn in betiid stadium oanjaan wat men wol. De fisy foar it bûtengebiet is fêststeld en no wurdt dy foar kundskip foarlein. Wat docht it kolleezje mei de ynbrochte opmerkingen? De no foarlizzende fisy hie wol wat konkreter kinnen. Der wurde saken suggereard. Wat foar ym- pact hawwe de plaatsjes? Der soe in útwreiding fan it begraafplak plakfine. By in oar agindapunt stie dat men it begraafplak net útwreidzje wol. Hoe sit dat? Der soenen gjin ferkearsoanlûkende aktiviteiten komme meie. Binne de foarstelde mooglikheden dan wol realistysk? Wethâlder Minkes: Fia it tariedingsbeslút wol men grip hâlde op mooglike feroarings. De fisy wurdt ek oan PB en de stichting fan de wettertoer foarlein. BBL en lânynrjochtingskommisje wur de'der ek by belutsen. It is in maklik tagonklik gebiet en men soe gebrûk meitsje moatte kinne fan de oanwêzige eleminten fan it lânskip. Men kin de keaper fan de wettertoer net en dy syn plannen ek net. De ried moat de kaders oanjaan. It jout in rjochting oan fan wat der mooglik is. Mefrou Dekker (PvdA): In partikulier hat it oandoard om de wettertoer te keapjen en dy sil dêr fêst in byld by hawwe. Kin dy partikulier mei de betingsten út de fuotten? Der moat romte sitte yn de fisy. Wethâlder Minkes: Der wurdt beskreaun wat foar mooglikheden der foar de wettertoer en foar de ynrjochting fan it terrein binne. It giet der benammen om hoe't it lânskiplik ynpast wurde kin. Opmerkingen fan de ried en PB wurde meinommen en yn it bestimmingsplan bûtengebiet komme de foarskriften. De hear Hemminga (GB): Yn it ramt fan Simmer 2000 hat de Akademy Minerva ek in tal plannen yntsjinne, û.o. in museumachtich bouwurk om de toer. Dat soe in perfekte ynfolling wêze kinne. Lit dy romte dus iepen. Wethâlder Minkes: It moat passend wêze foar it gebiet. Mei de 'verwevenheid met het land schap' bedoelt de skriuwer neffens har dat men de ynfrastruktuer net yngeand feroarje moat mei bygelyks brede asfaltearre diken of parkearterreinen. Pagina 3 1 04 Ferslach 26062007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 34