2.3 Foarstel om de 15e rapportaazje Staandemastroute foar kundskip oan te nimmen De hear De Visser (PvdA): Kin der op de ynvestearing fan 260.000 euro yn 2008 wat besunige wurde as de brêge yn Wergea goed funksjonearret? Fan de 550.000 euro ekstra kosten foar de SteandeMêstrûte soe men in part by de provinsje weihelje moatte. Hokker diel kin men claime? Wat is de stân fan saken by de grûnoankeap? De hear Van der Sluis (VVD): De bochten yn de Peinjedyk binne fierstente krap oanlein. Benam- men foar frachtweinen mei oanhingwein. Wa draait foar de kosten op? Wurdt is sa ek by de Himpensermar oanlein? De grûnoankeap is noch net rûn. Yn maart/april moat der in oanbesteging en bou-oanfraach wêze. Dy bou-oanfraach hat men lykwols noch net sjoen. Foar de.fergunning hat men wol sa'n jier nedich en dêrtroch wurdt it wer opskood. Moat der foar in nije dyk in bou- oanfraach yntsjinne wurde? De hear Seldenrust (FNP): Hoe is de stân fan saken fan de grûnoankeap? Hy is it iens mei de op- merkings oer de Peinjedyk. Wat binne de konsekwinsjes fan de besuniging op de brêge yn Wer gea? Mefrou Meinderts (CDA): Sy hat al in stik ferheldering krigen troch har fragen oan in amtner foar te lizzen. Krijt men foar de simmer noch útslach oer de claim nei de provinsje ta? De hear Hemminga (GB): Slút him ek oan by de eardere fragen. Wat binne de finansjele konse kwinsjes en risiko's troch de opskowings? Hy nimt oan dat der yn de perspektyfnota ek omtinken foar is. Wethâlder De Vries: It hinget benammen óf fan de grûnoankeap. De provinsje is bouhear en inis- jatyfnimmer yn de grûnoankeap. Der sieten wat heakken en eagen oan. Fan de trije grûneigners hat ien tekene. Mei de oare twa sit men yn de finale faze. Fan ien fan de twa kin de Onderteke ning de kommende twa wike ferwachte wurde. De bou-oanfraach leit noch net foar en dêr hinget it noch wat op. Mooglik sjocht men nei in alternatyf. Hy tinkt dat men it binnen de termyn oplos- se kin. Men is mei de provinsje yn petear oer de 550.000 euro. Yn de oerienkomst stiet dat de lésten fan de ynwenners net oprinne meie troch de kosten fan de SteandeMêstrûte. Hy hopet dêr yn- koarten mear ynformaasjeoer jaan te kinnen. Der stiet yn it stik wat de feitlike konsekwinsjes binne fan de nije Fonejagtbrêge. Der is de fer- wachting dat de yntinsiteit fan it ferkear yn Wergea net tanimme sil. Mocht dat wol sa wêze dan moat men it wer oan de oarder stelle. Hy lit útsykje hoe't it sit mei de Peinjedyk. Men moat de ynfrastruktuer goed en feilich oanlizze. Hy sil ek ynformaasje oer de kosten en oer it punt fan de fergunnings jaan. Men giet dêrfan út de SteandeMêstrûte yn 2009 óf is. Men komt út mei de bedraggen dy't no foarlizze en dy't ek yn de jierrekken ferwurke binne. De hear Hemminga (GB): De risiko's binne dêryn kalkuleard? Wethâlder De Vries: Dat kloppet. De hear De Visser (PvdA): Hoe grut is de kâns dat it 2010 wurdt? Wethâlder De Vries: Hy fynt 2009 tige realistysk. De hear Seldenrust (FNP): Op hokker termyn is der dúdlikheid? De brêgereling fan it brechje yn Eagum leit der wer út. Pagina 4 t 1 04 Ferslach 26062007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 35