3.6 Foarstel om in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO te nimmen foar it folgjende gebiet: kom fan Grou De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om it bestimmingsplan Spikerboor te Akkrum fêst te stellen Dit punt is fan de aginda ófhelle. 3.8 Foarstel oangeande it finansierjen fan de toplaachrenovaasje en it ferskowen fan atle- tykbaan/keatsfjild te Grou De hear De Boer (PvdA): It is in helder foarstel. It is hiel ferstannich om it sa op te pakken. De wurdearringssubsydzje is ek op syn plak. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat ien kanttekening. Hy hie earst fan de wethâlder in meidieling ferwachte oer de start fan it hiele trajekt en it fêststellen fan it kredyt. Der sit wat rûs op 'e line dat de oannimmer it wurk dellein hawwe soe. Wethâlder De Vries: Hy hie miskien wat helderder mei de ried kommunisearje kinnen. De ge meente hat gjin opdracht jûn foar de wurksumheden. Hy is der mei de kennis fan no fan oertsjû- ge dat de ferpleatsing fan de sport wol slagje sil. De finansiering is ûnderdiel binnen it projekt. Om efficiencyredenen is it no sa oppakt. No wurdt de dekking noch út ûnfersjoen ynsidinteel hel le. De kontraktuele en technyske kanten fan de ferpleatsing komme noch yn de ried oan de oar- der. De hear Seldenrust (FNP): It is net netsjes dat it no yn de ried komt, wylst der al útfierende wurksumheden plakfûn hawwe. Binne de wurksumheden troch de oannimmer dellein? Wa is de opdrachtjouwer? Wethâlder De Vries: Arcadis is de opdrachtjouwer. Der hat koart oerlis west doe't it ferhaal oer de finansiering fan it projekt nei bûten kaam. It wurk is doe temporiseard en yn dy sin is de plan ning oanpast. Arcadis pakt it wer op. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.9 Foarstel oer it ûndersyk doelmjittigens en doeltreffendheid begraven/ûnderhâld be- graafplakken Dit punt is fan de aginda ófhelle. 3.10 Foarstel om it ûnderhâldsplan begraafplakken fêst te stellen Dit punt is fan de aginda ófhelle. De foarsitter: Schorst de vergadering voor 10 minuten. De foarsitter: Heropent de vergadering. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 oantemei 4.5 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om de Jierrekken 2006 fêst te stellen Mefrou Veldstra (FNP): De FNP en de VVD woenen it net as A-stik nei de ried hawwe. In jierrek ken jout in byld fan wat wol of net slagget by de útfiering fan de begrutting. De ried kin it kollee- zje oanstjoere en ek boargers hawwe it rjocht om te witten wat de gemeente mei it jild dien hat. Pagina 6 1 04 Ferslach 26062007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 37