Hy komt skriftlik werom op it oankeap- en oanbestegingsbelied. It sil yndied net maklik wêze om it eigen fermogen wer op peil te krijen. Fia de beslisbeam moat men neigean oft men saken al of net dwaan sil. Dat jildt ek foar de ekstra ynkomsten. Oangeande de moasje. It kolleezje hat oanjûn dat men struktureel dwaande is om de saken wer op oarder te krijen. De ried sil oer de fuortgong rapporteare wurde. De hear De Boer (PvdA): As men perfoarst de rjochtmjittichheidsferklearring foar 2007 helje wol, moat men dan in protte eksterne minsken ynhiere? Wethâlder Van der Meulen: As men it helje wollen hie, dan hie men der al yn 2006 in protte jild yn stekke moatten. Dat liket him ûnferstannich. De hear Bouma (VVD): De PvdA lit de rjochtmjittichheidsferklearring ôfhingje fan wat it kostet. Dat liket him in ferkeard útgongspunt. De hear De Boer (PvdA): Hy woe allinne witte oft it protte jild kostje soe en oft it fan eksternen ôfhinget. De hear Bouma (VVD): Moat dy rjochtmjittichheid der no al of net komme? De hear De Boer (PvdA): Dy rjochtmjittichheid is fansels wichtich, mar de ferklearring fan de ak- kountant dat de sifers klopje is folie belangriker. De hear Hemminga (GB): Wat binne de wetlike ferplichtings oangeande de rjochtmjittichheid? Wethâlder Van der Meulen: Der is gjin wetlike ferplichting. Mefrou Veldstra (FNP): Yn 2006 hat men ynformaasje fan de akkountant hân oer de rjochtmjit tichheid. De hiele ried woe dat proses folgje. Wat foar nut hat dy presintaasje dan hân as men der no sa oerhinne stapt? Twadde termyn De foarsitter: Schorst de vergadering op verzoek van mevrouw Dekker. De foarsitter: Heropent de vergadering. Mefrou Dekker (PvdA): Yn it mieningsfoarmjende diel hat men it foarstel wiidweidich besprutsen. De PvdA giet akkoart mei it foarstel. Men fynt de moasje fan de FNP oerstallich, want de wet- hâlder hat al tasizzings dien. Benammen de ried jout oan hoe't men ta de algemiene reserve komt. De hear Hemminga (GB): De wethâlder hat foldwaande tasizzings dien en dêrom soe de FNP de moasje weromlûke moatte. De hear Bouma (VVD): De rjochtmjittichheid telt tige swier foar de VVD en men wol dêroan fêst- hâlde. De léste jierren is men spitigernôch faak mei tekoarten konfronteard. De rol fan de akkoun tant is diskutabel. Hy hie in bettere begelieding ferwachte. De risiko's binne neffens him noch net allegearre beneamd. It giet benammen om hâlding, kultuer en gedrach. De VVD hat de ôfrûne jierren kritysk west. Men kin dan ek net akkoart gean mei de jierrekken. Hy stipet de moasje fan de FNP. Pagina 8 f 1 04 Ferslach 26062007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 39