Mefrou Veldstra (FNP): Wol de wethâlder de PB-en ek op 'e hichte bringe? Komt der in ferslach fan it oankeap- en oanbestegingsbelied? Neffens har hat de rjochtmjittichheid wol in wetlike grûnslach. De jierrekken 2006 hat grutte gefolgen foar de gemeente en dêrta hat de FNP de moasje ynstjin- ne. Wat is der dien mei it ûndersyk yn 2002? Dat soe de start fan de reorganisaasje fan it amtlik apparaat west hawwe. Dêr binne al hiel wat kosten foar makke (lykas funksjeboeken, tsjinstfer- lieningsprofyl). Moat der in dekking troffen wurde foar-de twa meiwurkers dy't opstapt binne? De FNP hâldt de moasje oerein. In iepenbiere moanlikse rapportaazje is better as ynformaasje yn in besletten gearkomste. De hear Zijlstra (CDA): De wethâlder hat al in tal tasizzings dien. In moanlikse rapportaazje hoecht om him net perfoarst. It kolleezje moat saken lykas de beneaming fan de projektlieder re- gelje. De ried moat seis ek each hawwe foar it op peil bringen fan de algemiene reserve. It CDA hat betrouwen yn de oanpak fan it kolleezje en stipet de moasje dêrom net. Wethâlder Van der Meulen: Floe moat it neffens de VVD dan wol ferwurde wurde yn de jierrek ken? Men stribbet dernei dat men foar 2008 de risiko's goed yn byld hat. Der komt útlis yn Op 'e Hichte. It kolleezje giet net yn op persoanlike saken fan meiwurkers. Der is immen binnen de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar it projekt en dy stjoert dat oan mei de gemeentesekretaris.'As men gjin jild útjout, dan groeit de reserve it hurdst. De hear Van der Woude (PvdA): Der soe foar 2006 gjin oanfoljend ferslach mear komme neffens de wethâlder oangeande it oanbestegingsbelied. Hy wol graach de tasizzing fan de wethâlder dat yn 2007 it oanbestegingsbelied in diel fan it jierferslach útmakket. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje sil dêr syn uterste bést foar dwaan. Mefrou Veldstra (FNP): Men soe der in antwurd op krije. Wethâlder Van der Meulen: Hy jout dan no in mûnling antwurd. Oer 2006 komt der gjin ferslach mear fan. Oangeande 2007 wol er opmerke dat it in wichtich ûnderdiel is fan de rjochtmjittich heid. De hear Seldenrust (FNP): Oangeande de opmerking fan de wethâlder dat men gjin jild mear út- jout. Krijt men gjin foarstellen mear fan it kolleezje? Wethâlder Van der Meulen: It wie in 'kwinkslag'. De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming. De raad stemt in met het voorstel met uitzonde ring van de VVD en de FNP. Brengt vervolgens de motie in stemming. De motie wordt met 5 stemmen voor en 12 stemmen tegen verworpen. Voorgestemd hebben de leden Bouma, Rie- mersma, Seldenrust, Van der Sluis en Veldstra. 4.3 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bou-oanfraach foar it op- rjochtsjen fan in lânwinkel, boerengolf en edukaasje plan "De Wartenster" op it perseel Midsbuor- ren 7 te Warten De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel oangeande de rapportaazje Ynvestearingen GRP oantemei 2006 Pagina 9 1 04 Ferslach 26062007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 40