De hear Hemminga (GB): Men krige noch in skriuwen oangeande de oanslutingen yn de Prinse hof. Hy wol earst graach in reaksje fan de wethâlder. Wat binne de kritearia? Binne der mooglik- heden foar it foldwaan oan it fersyk? De hear Riemersma (FNP): Is it folslein mei de hear Hemminga iens. Hy hat noch te min tiid hân om it nije stik beoardielje te kinnen. De hear Van der Sluis (VVD): Moat foar dat léste ek mear tiid hawwe. Der moat in grutte ynves- tearing komme foar de Alde Feanen. Hy hat grutte twifels by it rendemint dêrfan en tinkt dat it op dit momint net nedich is. De hear Vellinga (PvdA): Der lizze eins twa foarstellen foar. Men hat muoite mei de foarse oers- kridings. Dy saken binne lykwols yn it ferline bard en dêrom giet de PvdA akkoart mei de punten 1 oant en mei 3. By de oare punten giet it om 5 ton mienskipsjild. Men hat in brief krige fan de bewennersferieni- ging en der is noch wat ekstra ynformaasje oanlevere. Neffens de beslisbeam soe it útstellen fan útjeften en it wachtsjen op in fierdere útwurking wol op syn plak wêze. Earder wie de ried akkoa rt mei it plan fan de IBA-2 foarsjennings. Letter is der keazen foar in parserioel. It net dúdlik wêr- om. Hoefolle skjinner is it dan? 10 fan de 31 oanslutings hawwe gjin stroom. Wurdt dat dan tagelyk oanlein en wa betellet dat? Letter wurdt oer de 50 oare ienheden besletten'. Kin men it net better yn ien kear oppakke? Hoe sit it mei de termyn fan de subsydzje? Mei it each op de fi- nansjele situaasje fan de gemeente is útstel it béste. It oansluten fan in parserioel is net maklik en tige kwetsber in sa'n gebiet. In IBA-2 soe datoan- geande minder risiko's hawwe. De kâns op oerskridings is net út te sluten. Wa betellet it Onder- hâld? Men is noch net oertsjûge troch de brief fan de bewennersferieniging. Neffens de brief wie der noch oerlis oer wat der barre soe. Is dat sa en hie men dan net better it oerlis ôfmeitsje kin nen? Punt 4 en 5 dus oanhâlde foar neiere útwurking. As de wethâlder net mei foldwaande argumin- ten komt dan komt de PvdA dêrta yn twadde ynstânsje mei in amendemint. Wethâlder Van der Meulen: Wol ek de bestjoerlike kaders neigean dy't oanjouwe wêr't de ge meente oan bûn is. It soe net logysk wêze om makke ôfspraken wer ter diskusje te stellen. It giet derom oft men no foar in parserioel of in IBA-systeem kiest. It léste sil binnen de Alde Feanen lestich wêze. Men wennet der net konstant. De hear Vellinga (PvdA): By de oare 50 wurdt wol tocht oan IBA's. Jildt dat argumint dér dan net? Wethâlder Van der Meulen: Dy 50 binne noch Onderwerp fan diskusje. Oer de oare oanslutings is men it wol iens. It systeem mei tyleenbuizen is minder kwetsber en technysk sjoen is it de béste oplossing. De hear Bouma (VVD): De feriening fan it Prinsehof referearret oan it oerlis mei de gemeente. Der is blykber wat mei de kommunikaasje misrûn. Lis foar alle klusters dy lieding oan. Wêrom is dy iene groep net meinommen? Wethâlder Van der Meulen: De gemeente is net de oanstjoerder fan it proses. Dat binne Wetters- kip Fryslân en de provinsje. De diskusje oer de stroom is noch lang net útiten. Letter kin men ek de klusters C en D noch oanslute. Pagina 10 1 04 Ferslach 26062007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 41