De hear Bouma (VVD): It oare oerlis fynt noch plak. De Prinsehofkommisje sil der foar de fakëns- je noch mei nei foaren komme. Pak it totaal oan fanwegen de win-winsituaasje en wachtsje op it ferfolchberied. Wethâlder Van der Meulen: Dan komt de subsydzje yn gefaar. Men moat yn 2007 los. Der wurdt neat blokkeard. Men kin no binnen it doedestiids fêststelde budzjet in tal perselen oanslute. It is ek binnen it GRP labele. De hear Riemersma (FNP): Hat de gemeente letter neat mei klusters C en D te krijen? Wethâlder Van der Meulen: Der is doedestiids foar keazen dat de gemeente de klusters A en B dwaan soe. De hear Riemersma (FNP): It hat dus gjin finansjele konsekwinsjes foar de gemeente dat Wetters- kip Fryslân en de provinsje de oare klusters dogge? Wethâlder Van der Meulen: Kin dat net eksakt sizze. As de kosten te heech binne, dan soe men miskien ek neat dwaan kinne. De hear Riemersma (FNP): En as de kosten net te heech binne, moat de gemeente dan ek in by- drage leverje? Wethâlder Van der Meulen: Wol dy fraach skriftlik beëntwurdzje. De foarsitter: Schorst de vergadering op verzoek van de FNP. De foarsitter: Heropent de vergadering. De hear Riemersma (FNP): Hy is derop tsjin dat it yn sa'n koarte tiid besletten wurde moat. Site- arret út it stik fan de gemeente: 'worden keuzes gemaakt over het al dan niet rekening houden met eventuele uitbreiding van het stelsel naar cluster C'. As it wurdt: 'Tijdens de projectvoorbe reiding wordt rekening gehouden met een eventuele uitbreiding van het stelsel naar cluster C (en eventueel ek D) dan kin er it wol mei it foarstel iens wêze. Dat slút neffens him ek oan mei de strekking fan de brief fan de bewennersferieniging dy't ek graach wol dat men by de oanlis rek ken hâldt mei in mooglike útwreiding letter nei de klusters C en D. De hear Hemminga (GB): Hy hechtet oan it ferhaal fan spesjalisten lykas de hear Vellinga op dit mêd. De mooglikheid foar de oansluting fan de oare 50 punten moat meinommen wurde en dêr moat oerlis oer komme. Dat soe noch oan de oarder komme moatte. GB stipet it amendemint fan de PvdA. De hear Vellinga (PvdA): Der binne net in protte minsken dy't goed witte hoe't men in riolearing yn in gebiet as de Alde Feanen oanpakke moat. Hy fynt him gjin spesjalist yn dy sin. Men wol ly- kwols graach witte wêr't men oer beslút. Dat is op dit momint it manko. De wethâlder wit om- mers net oft de oansluting fan de oare 50 de gemeente jild kostje sil en oft der überhaupt wol oanslutingen komme. Ek mei it each op de finansjele posysje fan de gemeente is it net ferstan- nich om der no jild yn te stekken. Lit de spesjalisten de ried mar oertsjûgje. Lést it amendemint foar: "in overweging nemende dat voor het uitstellen van de aanleg van een persriool de vergadering argumenten zijn aangevoerd, Stelt voor het raadsvoorstel als volgt te wijzigen: Instemmen met de punten 1, 2 en 3; Pagina 11 1 04 Ferslach 26062007/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 42