Maar afvoeren van de punten 4 en 5 omdat in latere instantie nog 50 andere eenheden op riole ringsvoorziening moeten worden aangesloten en nog niet duidelijk is of dat niet kan worden ge combineerd en of daar niet besparingen uit voortvloeien. Ook zijn de risico's nog niet duidelijk in kaart gebracht om een goede beslissing te nemen. De hear Gerbrandij (CDA): It CDA kin har wol fine yn it oannimmen fan de earste trije punten en yn it foarlopich lizze litten fan de punten 4 en 5. De hear Van der Sluis (VVD): It rendemint stelt neat foar en dêrom is de VVD tsjin it foarstel. Stipet it amendemint fan de PvdA. Krije de minsken yn it gebiet ek in antwurd? Dat soe al sa wê- ze moatte. De foarsitter: Schorst de vergadering op verzoek van de FNP. De foarsitter: Heropent de vergadering. De hear Riemersma (FNP): Hy hie yn earste ynstânsje al frege om in tekstuele oanpassing. As de wethâlder dat tasizze kin dan is it amendemint oerstallich. De bewennersferieniging wol de neamde mooglikheid hawwe. Ut miljeu-eachpunt is de FNP der foar dat der yn de Alde Feanen wat bart. Wethâlder Van der Meulen: Men hoecht gjin ekstra ynvestearing te dwaan as Wetterskip Fryslân C en D oanslute wol. De diskusje oer C en D moat noch plakfine. Moat der stroom komme yn dat gebiet? As de kosten yn it bûtengebiet boppe in bepaald drompelbedrach komme, dan is men as gemeen te net ferplichte om dêroan by te dragen. Neffens him komme neffens de screening al dy oanslu- tings boppe it drompelbedrach. De hear Van der Sluis (VVD): Hoe heech binne dy bedraggen dan mei of sûnder btw? Wethâlder Van der Meulen: Wit dat net eksakt (sa'n 10 of 20 tûzen euro). Wol dêr skriftlik ant wurd op jaan. It is foar de diskusje fan dizze jûn net fan belang. De hear Van der Sluis (VVD): Dat is it wol, want it giet om 16.000 euro eksklusyf btw per oan- sluting. Wethâlder Van der Meulen: De screening hat plakfûn en de kosten wurde dêr heger ynskat. Mei deskundigen fan it Wetterskip Fryslân en Akwario hat men nei it béste systeem sjoen. It beslút is neffens him dan ek wol ferantwurde. Hy wol de feriening wol op 'e hichte bringe fan it beslút. De risiko's binne goed yn byld en de oare ienheden kinne eventueel oanheakke wurde. Mefrou Esser (PvdA): Oangeande it miljeurendemint: It is in feangebiet en de bydrage oan de wetterkwalitiet troch in riolearing is tige minym. It wetterskip hat dat ek tajûn. Wethâlder Van der Meulen: Hy snapt dan net dat it wetterskip salang mei de oaren oan it stik wurke hat. Mefrou Esser (PvdA): Dat leit oan it ferbân dêr't men der mei nei sjocht. De belesting fan de hús- kes dêr stelt hast neat foar. Wethâlder Van der Meulen: Hy soe de basisdiskusje net opnij dwaan wolle. Pagina 12 1 04 Ferslach 26062007/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 43