De hear Riemersma (FNP): Der wie in posityf saldo oer 2006. Hoefolle gemeenten drage by en wat is it part fan Boarnsterhim? Men mei oant ein 2009 noch wat jild útjaan. Der steane net in protte projekten fan Boarnsterhim yn. Kin it fytspaad Leechlân dêryn ek meinommen wurde? Wethâlder Minkes: Sy hat de bydrage fan de gemeente net paraat. Dy ynformaasje komt noch. De gemeenten om Ljouwert hinne binne derby belutsen. De projekten hawwe in Onderlinge ferbi- ning mei elkoar en it giet benammen oer de ferdieling fan de wennings oer de regio. Der is noch in bestegingsromte fan 192.00 euro. It fytspaad Grou-Warten is net yn BOSL-ferbân oanjûn. Men moat wol oantoane kinne dat it in ferbining mei in oare gemeente hat. Sy wol neisjen oft it past yn de kritearia fan BOSL. 2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan de Perspektyfnota 2007 De foarsitter: Het college wil met het stuk aangeven wat de stand van zaken is. Het is een infor merend stuk en men is vrij om een reactie te geven. De portefeuillehouders zullen een nadere toe lichting geven. Wethâlder Van der Meulen: It giet om it finansjele perspektyf fan de gemeente. Der moat echt wat dien wurde om struktureel de posysje fan de gemeente te ferbetterjen. Dêrta moat men op 'e hichte wêze fan de ferplichtingen út it ferline en men moat ek neigean wat men wol. It is in lange list en men krijt dêrtroch in kompleet byld. De plannen sille wat ynkoarte wurde moatte om in slutende mearjierrebegrutting te krijen. It kol- leezje hanteart dêrby de beslisbeam. It kolleezje jout in tal maatregels foar ynkomstefergrutting en kostebesparring. Men wol de organisaasje ek sadanich ynrjochtsje dat men net wer yn sa'n si- tuaasje telâne komt. Foar in steviger posysje en kontinuïteit wol men ek sjen nei in partner foar gearwurking. Der komme foarstellen om saken te temporisearen. Yn de simmer wol men fierder stal jaan oan de oanpak dy't derop rjochte is om nei 2008 de saken finansjee! wer op oarder te hawwen. Wethâlder De Vries: De earste resultaten fan de útfiering fan projekten binne sichtber. De finans jele kontekst jout gjin romte om alles neffens plan út te fieren. Wat is feitlik realistysk en helber? De ambysje yn it Fryske Marreprojekt is grut. Men sil sjen moatte wat no echt needsaaklik is. De ried stelt it jild beskikber foar saken dy't útfierd wurde. Wat kin men noch nei de kant fan de ge meente ta ombûge? Der is in bedrach yn de jierrekken rûze fan sa'n 5 ton extra foar de Stean- deMêstrûte. Dy 5 ton mei fan de provinsje ek ombûgd wurde nei it Fryske Marreprojekt. Dat is bestjoerlik sjoen in moai resultaat. De provinsje wol ek tastean om it fytspaad Grou-Warten bin nen de kaders fan it Fryske Marreprojekt te bringen. Dêrtroch binne der oare subsydzjemoglikhe- den foar it fytspaad. Der kin straks nei de simmer skood wurde, faseard wurde, temporiseard wurde en ôfblaasd wurde. De hear Van der Woude (PvdA): Kin it fytspaad mei profiteare fan dy 5 ton? Wethâlder De Vries: Dat soe yndirekt sa wêze kinne. De foarsitter: Zij wil een toelichting geven op bladzijde 9 van de perspectiefnota. Bij het bedrag van 457.000 euro is rekening gehouden met een voordeel op de begroting onderhoud begraaf plaatsen. De raad heeft hierover nog geen besluit genomen en dat betekent dat het bedrag van 88.000 niet in positieve zin meegenomen kan worden en het bedrag bij structureel onvoorzien nu een bedrag behelst van 545.000 euro. De hear Gerbrandij (CDA): Is der al of gjin perspektyf? Hy refereart oan de gearkomste mei DB dy't him in goed (wy)-gefoel joech. Soks jout perspektyf foar de takomst. It CDA tinkt net dat it Pagina 2 1 04 Ferslach 03072007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 46