realistysk is om Fryslân as ien gemeente te wollen. Dizze middei is suver ynformatyf en nei de fakânsje komt it kolleezje mei fierdere foarstellen. De kosten fan in nij funksjeboek binne 8 ton. Dat kin er him net begripe. Der binne ek ryklik pm- posten. Hy wiist op in artikel yn Trouw oer de fêstrinnende wenningmerk. Fan de subsydzjes qiet dêrby krekt in ferkeard effekt út. Mefrou Dekker (PvdA): Sy kin har oanslute by de opmerkingen oer it funksjeboek en de pm- posten. Flat it CDA dêr no in fraach oer? De hear Gerbrandij (CDA): It CDA wol yndied witte hoe't men oan it bedrach komt. Men soe no- chris nei de subsydzje foar starters sjen moatte foardat men dat ynfiere sil. De hear Hemminga (GB): Nei oanlieding fan de opmerking fan de wethâlder oer it beskikber stel len fan jild troch de ried: De ried hat faak wat in oare foarstelling fan wat foar ôfspraken der makke binne. Der is in posityf oerskot op de begrutting 2007. It is ek yn de jierrekken 2006 opnommen. Kin men dat no hjir noch wol opfiere? Der is in post fan 60.000 euro opfierd foar it opliedingsbudzjet foar it personiel. Wat foar oare posten binne dêrneist noch kommen? Der is yn de begrutting 2007 227.000 euro besteginqsrom- te. Hoe is dat werom te lieden? It ferrin fan de post ûnfersjoen komt medio 2007 negatyf út op 457.000 euro. Sünder ekstra untfangsten en sünder de posten dêr't óf waging mooglik is, is der kumulatyf in negatyf resultaat fan 906.000 euro. Hoe tinkt it kolleezje dy negative reserve posityf te meitsjen ta it minimale wjerstansfermogen fan 2,5 miljoen en hoefolle tiid tinkt it kolleezje dêrfoar nedich te hawwen? De kapitaallêsten ûnder de post ûnfersjoen binne rom 568.000 euro en de lésten brede skoalle swimbad binne 1 50.000 euro. De kapitaallêsten wurde yn it nije belied pas foar de earste kear opnommen nei it jier dat de ynvestearing plakfûn hat. Dat soe ynhâlde dat der romte is foar 7 ton. Hoe wol it kolleezje dy kapitaallêsten opnimme ûnder ûnfersjoen yn de jierrekken? Der is yn de begrutting sa'n 363.000 euro beskikber. Wêr sit dan it ferskil? De opbringsten fan de BNG heare neffens GB net thús yn de post ûnfersjoen, mar Onder dividend- en rintefergoedinq Wat hâldt de post 'onderuitputting salaris 2007' yn? Men moat bedraggen oanjaan by de pm-posten. Is der foar dy posten ek ôfwaging mooglik? Der steane foar de post 'dotaties voorzieningen' foar 2008 en dêrnei gjin bedraggen Doocht dat wol? De post foar de automatisearring soe frijfalle, mar dy sil foar 2008 doch wol wer opnommen wurde moatte. By iepenbiere wurken soe der in strukturele oerskriding wêze. Kin men de folgjende jierren dêr gjin bedraggen foar opnimme? Sit de pont der ek yn en wat foar risiko's sitte derby? Is it tekoart fan 2,5 ton by de 'vereveningsbijdrage' korrekt? By it 'Beheerplan kapitaalgoederen' jout opskowing wol ferljochting foar 2007, mar it soarget mooglik foar ekstra mear kosten in jier letter. Hy is benijd oft de brede skoallen binnen de bedraggen bliuwe kinne. Wat foar projekten wurde der binnen de iepenbiere romte oplevere? By ynsidinteel stiet ynhier tydlik personiel. Is dat beheind ta 2007 of wat moat der de kommende jierren dan noch wat foar komme? Hoe sit it mei de ynfolling fan de fakatueres? Wat foar be draggen binne der mei muoid? Der wurdt foar de tydlike sporthal gjin bedrach neamd. Is dat allinne foar 2007? Der wurdt wat skood yn de bestimmingsreserves. Wêrom wurdt it sa dien? It smyt gjin jild op Foar de fernijing fan de bestimmingsplannen is 450.000 euro nedich. De 'voeding' fan de reserve hat noch net plakfûn. Hoe wol it kolleezje dat ynfolje? Kin der noch in ôfwaging makke wurde? Hoe is it bedrach foar it funksjeboek gearstald? Pagina 3 1 04 Ferslach 03072007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 47