Der is in bestimmingsreserve foar âld-personiel. Wat foar ferplichtings binne der noch foar de óf- floeiïng en ferpleatsing? GB wol graach witte wat foar risiko's der binne en dat dêr bedraggen oan keppele wurde. De hear De Visser (PvdA): Refereart oan in artikel yn Elsevier. Boarnsterhim stiet as gemeente foar wenkomfort op nûmer 64 fan de 443 gemeenten yn Nederlân. Ek oangeande it prestaasje- nivo skoart Boarnsterhim boppegemiddeld. Men tinkt oan it ferstevigjen fan it ynkasso-belied. Wêrom is dat noch net earder dien? Hoe tinkt it kolleezje in ynfolling te jaan oan de fakatueres? By it mearjierreperspektyf is wol it negative sifer fan struktureel ûnfersjoen, mar it positive sifer fan ynsidinteel ûnfersjoen is net meinommen. Wêrom net? Der moat in heale kracht by de brânwar ynhierd wurde en der moat wat oan twa auto's dien wurde. Doocht it bedrach fan 23.000 euro dêr wol? De 4 gemeenten sille in projekt foar gear- wurking opstarte en dat kostet 80.000 euro. Boarnsterhim moat 20.000 euro bydrage en mei it each op it tal ynwenners soe dat leger wêze moatte. De brânwarkommandant soe yn 2008 mei pensjoen gean en yn it ramt fan de oerdracht soe der 25.000 euro foar de nije man útlutsen wur de moat. Is dat wol korrekt? Boarnsterhim draacht 10.000 euro by oan de VVV. Is dat noch relevant? De stille reserves. Wêrom wurdt (769.000 euro) dat net oan jild makke? Betellet de horeka foar it gebrûk fan trotwaars (precario)? Fait it bedrach foar it Riedhûs net frij? Wat is de reden dat der gjin bedrach achter ferfangingskosten (paternosterkasten) stiet? Der is foar it gemeentehûs foar 2007 in post begrutte fan 310.000 euro. Dat soe al ferdwûn wê ze moatte. Betsjut de opmerking fan de wethâlder oer Grut Palma dat yn 2013 pas de léste huzen boud wurde? De hear Bouma (VVD): By de taljochting oer ûnderhâld gebouwen stiet dat it oer 10 jier ferspraat wurdt (side 11). Der soe dan ek 125.000 euro ynstee fan 1,2 miljoen stean kinne. Datselde jildt foar de doarpshuzen. Sit der noch wat romte yn de Fryske Marreprojekten troch de nije ynformaasje fan de wethêlder? Is de ferhurding fan it Marktterrein yn Akkrum wol needsaaklik? De bydrage oan it besikerssintrum Alde Feanen kin om de VVD wol skrast wurde. Hy hie ek de fraach fan de PvdA oer de VVV. Hy kin him foarstelle dat der al ien meidraait by de brânwar foar de opfolging en hat men der dan wol ekstra jild foar nedich? De Raerder mienskip sil ek seis wat bydrage kinne oan de renovaasje fan de tennisbaan. De VVD tinkt wat oars oer de ûnreplik saakbelesting as de PvdA, want hy wol fan de ûnreplik saakbelesting gjin slútpost meitsje. De hear De Visser (PvdA): It gie yn it ûndersyk om twa ferskillende saken. De ûnreplik saakbeles ting wie net yn it wenkomfort meinommen. De hear Gerbrandij (CDA): Nei oanlieding fan in artikel fan de hear De Visser yn de krante: Frys- lân hoecht net ien gemeente te wurden? De hear De Visser (PvdA): Hy hat wat skreaun oer de rjochting fan de takomst. De hear Bouma (VVD): Men moat it wachtjild foar bestjoerders reserveare. It jild foar it folkshús- festingfûns moat goed trochrekkene wurde. De prognoaze fan de algemiene reserve begjint mei 2,6 miljoen, dêr giet it ferlies óf en dan bliuwt der 154.000 euro oer. Dan wurdt der 3 ton rinte oan tafoege. Hoe realistysk is dat bedrach? Pagina 4 1 04 Ferslach 03072007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 48