Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje sjocht wol mooglikheden om dy kosten omleech te brin- gen. Nei de simmer is in tal pm-posten yn byld. De hear Van der Meer (GB): Die krijgt men dus bij de tweede behandeling van de perspectiefnota? Wethâlder Van der Meulen: Nei de simmer komt it kolleezje mei konkrete foarstellen en dan moatte dy pm-posten yn byld wêze. In tal fragen sil skriftlik beäntwurde wurde. Men is dwaande om alle besittingen yn byld te krijen Gu°n besit soe men oan jild meitsje kinne. It is fierder de kar fan de ried om oan de ein fan it jier eventueel de reserve fierder oan te foljen. De bedraggen ('dotaties') binne fan tefoaren net altyd goed yn te skatten. In organisaasje kin it ek noch tafoegje oan de eigen reserve. De automatisearring komt op termyn werom. De hear Hemminga (GB): Moat it dan foar 2008 opnommen wurde? Wethâlder Van der Meulen: Nei de simmer wol er dêroer de diskusje mei de ried oangean Dan is der mear bekend. Yn it ferline binne by iepenbiere wurken saken net goed meinommen. It kolleezje besiket de begrutting yn de basis wer op te bouwen. Hy hopet dat foar 2008 de ferrassings derút helle binne. In bestimmingsreserve hat gjin tafoege wearde op it moment dat men tinkt dat dy wol opheft wurde kin. Nei de simmer komt der spesifiker antwurd op de fraach oer ferskowing fan projekten. De gemeente docht it neffens it ûndersyk yn Elsevier noch net sa min. Miskien hat men yn it ferline tefolle bean foar te min jild. De ynset fan it kolleezje is om sa effisjint mooglik te wurkjen om it optimale foar de boarger te berikken. De boarger betellet lykwols úteinlik foar de tsjinsten dy't de gemeente levert. It kolleezje hat al ferbetteringsmaatregels foar it ynkasso-belied nommen. Men is ek drok dwaande mei de ynfolling fan de fakatueres. Der sit skot yn, mar it bliuwt lestich mei sa'n krappe merk. It kolleezje sil skerper sjen nei bygelyks precarioheffingen en de kostendekkendheid fan de tariven. Mefrou Dekker (PvdA): Heft de gemeente precario? Men sjocht it wol by gemeenten rûnom. Wethâlder Van der Meulen: Men is der net altyd like konsekwint mei oan de gong en dêrom sil er dernei sjen. Mefrou Dekker (PvdA): Heft men überhaupt precariorjochten? Wethâlder Van der Meulen: Der is gjin spesifyk belied foar precario. Hy wol it yn in bredere setting oan de ried foarlizze. De hear Van der Woude (PvdA): Wurde de fragen oer de brânwar allegearre skriftlik beäntwurde? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij komt op dat punt terug. Wethâlder Van der Meulen: Der sil nei de ferhurding yn Akkrum by de tsjerke sjoen wurde. De hear Bouma (VVD): It is pear jier lyn oplevere en it leit der neffens him kreas by. Pagina 6 1 04 Ferslach 03072007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 50