Wethâlder Van der Meulen: It is op guon plakken wat minder benammen yn in wiete perioade De rinte-opbringsten yn de eksploitaasje binne berekkene. De hear Bouma (VVD): Is it in reeël bedrach? Wethâlder Van der Meulen: Hy sil dêr skriftlik antwurd op jaan. Oangeande gearwurking: it kolleezje sil it evalueare en dan mei ynformaasje nei de ried komme. De petearen ferrinne posityf. De lésten foar de spoarwei-oergong moat men no wol opnimme. It wie earder net by elkenien bekend. Der giet net earder in skeppe yn de grûn en net earder in slopershammer pakt foardat de ried in beslút nommen hat. De hear Bouma (VVD): De wethâlder giet foarby oan de neamde bedraggen op side 11 Wethâlder De Vries: Der bydrage fan 10.000 euro stiet los fan de reguliere bydrage. Men sit yn Fryslân yn in yngewikkelde diskusje hoe om te gean mei de VVV's. De easken binne lanlik foar de VVV omheech skroeve. Men sit no yn in oergongsfaze. De 10.000 euro is in ynsidintele bydrage om foarearst de status fan de VVV te garandearen. De fêste bydrage oan de VVV wurdt net yndekseard. De post foar it Riedhûs fait frij by ferkeap en oerdracht. Men wachtet op it definitive plan en dan kin men de prosedueres foar de Hellinghaven starte. De inisjatyfnimmers binne dwaande mei it oprjochtsjen fan in stichting foar behear en ûnderhâld. Dat léste sil neffens him dit jier noch svn beslach krije. Yn 2013 wurdt it kompleks Grut Palma ôfrûne. Yn 2012 sil dan wierskynlik de iepenbiere romte oanklaaid wurde. Men kin it ûnderhâld oan de gebouwen en terreinen ek oer 10 jier ôfskriuwe. Men moat derfoar soargje dat de akkommodaasjes foldogge oan de easken fan de tiid. Men is yn petear mei de tennisferiening yn Raerd. Men sjocht op dit momint hoe de kosten binnen de feriening opfongen wurde kinne. Nei de privatisearring sil dy begrutting fan de tennisferiening der oars útsjen moatte. De petearen ferrinne konstruktyf. De hear Bouma (VVD): It ûnderhâld kin men dus faseard útsmarre? Wethâlder De Vries: Ja. It kolleezje hat oanjûn wat de skea fan stopjen by it Fryske Marreprojekt is. It levert ek yndirekte skea foar de mienskip op want der is al in protte enerzjy troch alderhanne maatskiplike partijen yn stutsen. Finansjeel is de skea sa dat men foar elke euro dy't men der net yn stekt, men 1,76 euro kwyt is. Men hat ek op in handige wize saken binnen it Fryske Marreprojekt brocht dy't men oars ek dwaan moatten hie lykas it ûnderhâld oan brêgen. De provinsje hat gelokkich in iepen hâlding en Boarnsterhim wol besykje dat út te fieren wat binnen de finansjele kaders past. De hear Hemminga (GB): Hy kin him foarstelle dat wannear't men healwei in projekt is dat men der de stekker dan net útlûkt. Oer de noch net útfierde ûnderdielen moat de diskusje noch fierd wurde oft it wol winsklik is dat it útfierd wurdt. Dy iene euro moat wol betelle wurde. Wethâlder De Vries: Dat is yndied sa. Mar men moat wol kritysk sjen nei de skea as men it net docht. Men soe mooglikheden besjen moatte om jild te besparjen troch bygelyks in tichte brêge ynstee fan in beweechbere brêge te nimmen. Oare wurken kinne faaks letter útfierd wurde Guon saken kin men lykwols net lizze litte. It Tomke-projekt is foar 2007 opnommen. De ried hat dêrfoar keazen, mar der is net oan keppele wêr't it jild weikomme moat. Dêrom is it net útfierd. Pagina 7 1 04 Ferslach 03072007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 51