Mefrou Veldstra (FNP): Men hat hielendal gjin foarstel hân. Wethâlder De Vries: Hy hat it oer it jier dêrfoar. Der komt noch mear ynformaasje. Mefrou Dekker (PvdA): Betsjut it dat it Tomke-projekt twa jier neat hân hat? Wethâlder De Vries: It projekt hat ien kear draaid. It kolleezje stiet posityf foar de bydrage oer fan 1 ton oan it besikerssintrum de Alde Feanen. Boarnsterhim sil der foardiel by hawwe dat der sa'n besikerssintrum yn buert komt. It foarstel sil oan de ried foarlein wurde. Foar Jirnsum is noch net in konkreet plan foar de rekreative, toeristyske ûntwikkelings. Mar it bedrach sil op termyn syn besteging krije. Wethâlder Minkes: Der bart in soad lykas by de projekten fan Wenimpuls (û.o. yn Reduzum en Poppen wier). De provinsje giet mei de gemeente yn petear oer de perioade 2007-2013 oer it wenplan. Foar û.o. Jirnsum en Grou-Noard sille ynvestearings nedich wêze. Sy wol noch wolris de diskusje oangean oer nut en needsaak fan de starterlieningen. De nije wet op de Romtlike Oardering giet yn op 1 july 2008. As men de bestimmingsplannen net op tiid op oarder hat dan mei de gemeente gjin leezjes heffe. Men hat dy 453.000 euro nedich om de ynhelslach te meitsjen. Yn augustus komt der in foarstel om it budzjet te ferheegjen mei 78.000 euro om it bestimmingsplan bûtengebiet en Akkrum-Nes ta in ein te bringen. De werstrukturearringsprojekten sil men nei de simmer sichtber meitsje. De diskusje oer it fûns wol sa oant salang oanhâlde. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): De post 25.000 euro bij de brandweer heeft te maken met het afscheid/pensioen van de ondercommandant. Hij is een belangrijke spil in de organisatie en daarom wil de brandweer graag iemand een paar maanden inzetten die hem kan opvolgen. De kennis kan dan op een goede manier overgedragen worden. De sluitingstermijn voor de sollicitatie van gemeentesecretaris is deze week afgelopen en de eerste sollicitatiegesprekken zullen binnen niet al te lange tijd plaatsvinden. Er worden zeer plezierige gesprekken gevoerd met de colleges van de omringende gemeenten. In september komt men met een conclusie naar de raad. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Hy nimt oan dat de fragen dy't net beäntwurde binne dat dy skriftlik beäntwurde wurde. Hoe sit it mei de metodyk fan de bestimmingsreserves? It moat gjin automatisme wurde dat der samar reserves yn de algemiene reserves stutsen wurde. Op side 11 stiet de post fan 250.000 euro foar de desintralisaasje húsfesting ûnderwiis. Wat foar byld hat it kolleezje dêrby? Mefrou Dekker (PvdA): De perspektyfnota jout de realiteit fan dit momint oan. Foar de PvdA telt de takomst en dêrby wurdt der fan de ried en it kolleezje hiel wat ferwachte. De ynwenners hawwe ek ferwachtings. Sy hat it gefoel dat de perspektyfnota dochs net op in goede wize behannele wurdt. Wethâlder Van der Meulen sil in tal fragen noch skriftlik beäntwurde. Men soe in oare kear in wike fan tefoaren fragen yntsjinje moatte sadat men yn de gearkomste de antwurden heart. De hear Van der Meer (GB): Het is een informatieve ronde. Mefrou Dekker (PvdA): Sy bliuwt dochs by har stânpunt. De PvdA-fraksje ferwachtet fan it kol leezje by it mieningsfoarmjende diel dat men fan de projekten ynhâldlike ynformaasje krijt oer de Pagina 8 1 04 Ferslach 03072007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 52