konsekwinsje per ûnderdiel as men dermei stopje soe. Dat jildt ek foar de pm-posten en de kos ten fan ynhier tredden. Dan pas kin de ried in dúdlike kar meitsje. De hear Bouma (VVD): De VVD sjocht dertsjin op om de nedige middelen foar it Fryske Marreprojekt boppe tafel te krijen. Miskien wol men wol fierder, mar kin men net fierder. Hy is benijd net de gearwurking en nei de tasizzings fan de provinsje. Der moatte dus foar de mieningsfoarmjende gearkomste dúdliker gegevens op tafel lizze. Mefrou Veldstra (FNP): Yn septimber krijt de ried mear te hearen oer de gearwurking. Wêr hat men it oer? Sy nimt oan dat de ried der ek noch wat fan fine mei. Hoe sit it mei de gearwurkingsferbannen? Op side 10 stiet by 'vereveningsfonds': bef. Wat betsjut dat? Sy is teloarsteld oer de fuortgong fan it Tomke-projekt. Der soe fêst in potjsje foar wêze moatte. Der soe ûndersyk dien wurde nei merkjilden. Yn de feroardering steane hiel dúdlik tariven foar 'vent- en standplaatsvergunningen'. By de bestimmingsreserve WMO wurdt in bedrach neamd fan 266.000 euro. Yn in letter memo fan in amtner wurdt in hiel oar bedrach neamd. Is de bydrage oan it besikerssintrum Alde Feanen ynklusyf dy foar in lânboumuseum? De hear Van der Woude (PvdA): Men mist noch de útkomsten fan it oerlis fan it kabinet mei de gemeente fan begjin juny. It giet om frij strukturele bedraggen en hy ferwachtet dêr ynformaasie oer. Men krijt yn septimber noch nijs oer mooglike gearwurking te hearen. Los dêrfan soe men neitinke moatte oer de posysje fan de gemeente yn 2020 mei as útgongspunt de kwaliteit fan de tsjinstferliening nei de boarger ta. De hear Van der Meer (GB): De lopende projecten en de organisatie worden gescreend. Hij neemt aan dat de raad daarvan op de hoogte gehouden wordt. De gemeente heeft bij het Friese Merenproject zich bestuurlijk contractueel gebonden aan een bijdrage van 5,5 miljoen. Wat is de exacte verplichting daarvan? Wat is de verantwoordelijkheid van de gemeente bij overschrijding? De risico's van de projecten moeten goed in beeld zijn voordat men de discussie aangaat. Dotaties voorzieningen (bladzijde 10): Het zou volgens hem een min zijn van 50.000 euro waardoor het saldo met dat bedrag verminderd moet worden. De hear De Visser (PvdA): Wêrom is it strukturele negative saldo wol meinommen en it positive saldo fan ynsidintele posten net meinommen yn it mearjierreperspektyf? Hy snapt ek net wêrom't der noch in bedrach fan 310.000 euro foar it gemeentehûs stiet. Wethâlder Van der Meulen: De bestimmingsreserves wurde screend en dêrby wurdt sjoen nei funksjonaliteit. Yn it IHP wurdt nei de simmer dúdlik wêrom't de bedraggen foar ûnderwiis nedich binne. Hy tinkt dat it yndied in goede suggestje is om de technyske fragen in oare kear earder oan de oarder komme te litten. De fragen oer de kosten fan eksternen wurde noch skriftlik beäntwurde. BCF btw-compensatiefonds. Hy wol noch screene hoe konsekwint men is mei leezjes foar 'standplaats/ventvergunningen'. Hy wit noch net hoefolle jild der fan it Ryk komt, mar yn septimber kin der wol rekken mei hélden wurde. De ried wurdt dan ek ynformeard oer de rinnende projekten. Neffens him is de reserve foar it gemeentehûs in reserve dêr't de opbringsten fan brûkt wurde foar de dekking fan de lesten fan it gemeentehûs. De hear Bouma (VVD): Men soe it helder en transparant meitsje en dan soe men it opheffe moatte en de werklike kosten soe men yn de begrutting opnimme moatte. Pagina 9 1 04 Ferslach 03072007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 53