De hear Seldenrust (FNP): Fynt it CDA it dan net wichtich dat der in rekkenkeamerkommisje foar de ried is? De hear Gerbrandij (CDA): It kin op dit momint net. Men hat ek noch in akkountant. De hear Seldenrust (FNP): Men wit it resultaat fan de akkountant, mar ek fan it earste ûndersyk fan de rekkenkeamerkommisje. Is it CDA dêr net wiis mei? De hear Gerbrandij (CDA): De wâl keart it skip. De hear Bouma (VVD): Moat men de beslisbeam der wol by lizze? In rekkenkeamerkommisje is sûnder mear nedich. De hear De Visser (PvdA): De wet hat by de ynfiering fan it duale systeem dochs in rekkenkeamer ferplichte? It giet om it budzjet. Mefrou Dekker (PvdA): Hoe giet it nei de beslútfoarming? Der binne ferskillende foarstellen. Sy nimt oan dat de griffier de foarstellen ferwurket yn it einfoarstel. De hear Bouma (VVD): De rekkenkeamer moat in folslein budzjet hawwe en net in budzjet per opdracht. De hear Hemminga (GB): De rekkenkeamer docht in ûnôfhinklik ûndersyk en dy kin oanjaan wat men ûngefear nedich hat. Der moat fansels in bedrach foar de rekkenkeamer stean. Yn de beslútfoarming moat sa'n bedrach derút komme. Mefrou Dekker (PvdA): De dekking moat wol oanjûn wurde by in ferheging. De foarsitter: De raad zal wel een meerderheid moeten zoeken om tot een besluit te komen. De griffier zal het voorstel nader uitwerken. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.7 en 4.8 Er hebben zich geen insprekers gemeld. 4.2 Foarstel om in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO te nimmen foar de folgjende gebieten: lokaasje Leechein 12 te Akkrum lokaasje Rabobank e.o. Buorren 3 te Akkrum De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO te nimmen foar it folgjende gebiet: perseel op de hoek De Koffe/Oostergoostraat te Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel om in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO te nimmen foar it folgjende gebiet: Ulbe Twijnstrawei te Akkrum (Tusken de Marren/de Drijfveer) De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel om in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO te nimmen foar it folgjende gebiet: lokaasje earder Griene Krúsgebou, e.o. Prinses Wilhelminastraat te Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. Pagina 12 1 04 Ferslach 03072007/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 56