4.6 Foarstel om in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO te nimmen foar it folgjende gebiet: kom fan Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.7 Foarstel oangeande it finansierjen fan de toplaachrenovaasje en it ferskowen fan atletykbaan/keatsfjild te Grou De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.8 Foarstel oangeande tydlike foarsjenning húsfesting Ds. Hasperschool te Akkrum De hear Zijlstra (CDA): Boarnsterhim is in moaie wengemeente en der geane yn Akkrum in protte bern nei skoalle. PB Akkrum wol de gemeente stipe jaan by de situaasje fan dit momint. Der sitte tefolle learlingen yn ien lokaal. It CDA stipet it foarstel en giet dêrfan út dat de gemeente by de brede skoalle rekken hâldt mei de 'buitenreguliere groei'. De hear Bouma (VVD): Is der miskien noch romte yn de Alde Mafû? Mefrou Veldstra (FNP): Op 22 febrewaris is de oanfraach al ynstjinne. Hie it net wat earder nei de ried komme kinnen? It is it foech fan it kolleezje, mar de ried hat it foech om de finansjele middelen fêst te stellen. Hat it kolleezje de beslisbeam hjirby ek brûkt? Wethâlder Van der Meulen: Men sil by de brede skoalle rekken hâlde mei de aktuele sifers. De Alde Mafû liket him mei it each op de kwaliteit fan it gebou net in goede oplossing. It is lâns de beslisbeam hâlden. It is in wetlike ferplichting. Hy biedt syn ekskús oan dat it sa let oanbean is. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. De hear Bouma (VVD): It nije gemeentehûs is tige entûsjast iepene. Kompliminten foar de boargemaster foar de goede ûntfangst. 4.9 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Riemersma (FNP): Men krige begjin maaie in aksjepuntelist. De punten soenen yn it managemintoerlis besprutsen wurde en de ried soe op 'e hichte hâlden wurde. Men hat lykwols noch neat heard. Griffier Frensel: De actiepuntenlijst wordt na iedere raadsvergadering bijgewerkt. Het is aan het college om de openstaande zaken af te handelen. Het is een geheugensteuntje om te kunnen zien wat er nog open staat. De hear Riemersma (FNP): Hy tocht dat er regelmjittich wer sa'n list krije soe. De foarsitter: Zij stelt voor om in het presidium te bekijken hoe men met de actiepuntenlijst om zou moeten gaan. De hear Riemersma (FNP): Siteart 'Bijgaand ontvangen jullie een actiepuntenlijst met daarop openstaande vragen en toezeggingen uit de raadsvergaderingen zoals door de griffie bijgehouden. Het is de bedoeling om deze lijst tweewekelijks te actualiseren en aan jullie toe te zenden'. It is dus wol tasein. Griffier Frensel: Hij zal ervoor zorgen dat er een geactualiseerde versie bij de raadsleden komt. De hear Riemersma (FNP): It 'tweewekelijks' is dus spitigernôch fan de baan. Pagina 13 1 04 Ferslach 03072007/absh/l 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 57